Wolly Prins en de krêft fan fantasij

Freed 13 maaie

,,Kinne jimme miskyn ek oan in pear grutte bh’s komme?’’ It is in fraach dy’t jo samar stelle wurde kin as jo bern meidocht oan it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum. Foar de kostúms is der gjin idee te heech en gjin gedachte te mâl. Gerdinen mei kant, autobannen, pûden fan jute, jerrycans, tou en noch mear tou: kostúmûntwerper Wolly Prins kin fan wat sy earne ek mar lizzen as hingjen sjocht, de prachtichste outfits meitsje.

It is de earste kear dat sy meiwurket oan it Berne Iepenloftspul, nei’t Anneke Hoogeveen  25 jier lang de ‘look’ fan BIS mei bepaalde en sa in stevich stimpel setten hat.

Wolly Prins is sels al tsientallen jierren professioniel dwaande yn de teater- en filmwrâld. Sy wurket bynammen as kostúmûntwerper mar ek as koördinator, setdresser en rekwisiteur. Yn it ferline wurke sy soad by Tryater, it iepenloftspul yn Jorwert, De Heeren van het Veen (it iepeningsspektakel fan Sportstad Heerenveen), de muzykteatershow Faderpaard yn it WTC en de musical Spamalot fan V en V Entertainment. De lêste fiif jier wie sy belutsen by de krystmusical yn it Hearrenfean.

Wolly Prins wennet yn Bears mar hat in rom atelier yn Ljouwert en dêr komt op in jûn yn april in ploech frijwilligers byinoar. Earder hat sy mei de bern sels oerlis hân, oer harren eigen ideeën foar de klean. Dat docht sy normaal eins noait - ,,ik bin altiten behoarlik stellich yn hoe’t ik it sels ha wol”, laket se. ,,Mar dit stik freget der echt om.”

It skript fan De geast fan Spultsjelittens draait nammentlik om de krêft fan de fantasij fan bern. Mei fantasij kinst superleuk boartsje, spultsjes betinke en, jawol, gemiene plannen fan folwoeksenen de nek omdraaie. Dus hoe soe Wolly dy bern dan net ek freegje mei te harsenskrabjen oer harren eigen klean yn it stik?

En no is it safier: de ideeën binne betocht en útwurke. Dat de naaiploech kin oan it wurk. En de omballingenploech sil ek los: dy mei op syk nei al dy nuvere saken dêr’t Wolly mei oan de gong wol. Marktplaats, kringloopwinkels, souders, kontainers: neat sil feilich wêze. ,,En sparje jim ek konserveblikjes?”

,,Grutte as lytse?”

,,Fan dizze”, seit Wolly en lit ien sjen. ,,Ik tink in stik as tritich.”

,,Hawar, dan sille wy de kommende wiken noch wat ekstra maïs ite”, klinkt it fleurich.

« werom