Yn petear mei Regisseur Marius Del Grosso

Tongersdei 14 april

Wa is Marius Del Grosso?? Wat hat hy allegearre al by it ein hâwn? Hoe âld is hy? Fynt hy rauwe tomaten wol of net lekker? Soe hy elke dei ek pasta ite, Del Grosso is dochs italjaansk? Wolle jimme mear witte oer Marius? Noch mear echt nijsgjirriche ynformaasje oer him kinne jimme hjir lêze..

 

Marius Del Grosso


Al jierren dwaande bij it BIS. Mar wa is Marius?
Ik bin Marius, 37 jier, en dit jier bin ik 10 jier as regiseur (en dêr bin ik bêst wol in bytsje grutsk op) bij it Berne Iepenloftspul belutsen. Njonken it regisearjen fan BIS en oare foarstellings, wurkje ik as dosint drama op De Gerdyk. Wolle jimme witte wat ik allegearre noch mear bij’t ein ha, sjoch dan op myn webside www.blomfish.com.

Del Grosso is neffens mij in Italiaanske namme en is bekind fan ûnder oaren de pasta’s. Lizze dyn woartels ek yn Itaalje?
De namme komt yndied út Itaalje, earne út it noarden en it ûnderste diel fan Switserlân. De Del Grosso’s binne, mannich generaasje werom, nei Fryslân tein. Ik bin, as “heale Italiaan”, dan ek gek op pasta’s en op tomatesop. Mar mei rauwe tomaten hoechst bij mij net oan te kommen.  

Do wurkest as dosint drama op de Boargemaster Harmsmaskoalle op De Gerdyk. Op dizze skoalle sitte fansels in hiel ferskaat oan bern. Fynst dat in útdaging as in ferriking? Hoe sjogge de bern werom op dyn lessen?
Ik fyn it geweldich om mei bern te wurkjen. Bern sizze earder wat se tinke en as se it net sizze, sjochst it faaks wol oan harren lichemstaal. Folwoeksenen reagearje faaks om’t it sa fan harren ferwachte wurdt (sosjaal winskliker). Ik fiel mij somtiden, njonken regiseur, ek master en sels hast in bytsje heit (dat docht mij bêst wol wat).

Do hast fansels yn in protte moaie stikken spyle. Wat wie foar dij no it moaiste stik?
Eins spylje ik sels hast net. Ik wurdt meastentiids sjoen as immen dy’t maklik-efkes-in-praatsje-foar-de-groep-makket. Mar efter de skermen fiel ik mij it meast op myn gemak. Ik ha net sa sear ambysjes om sels te spyljen, mar bin der mear om oare minsken te helpen it bêste en kreatyfste út harren te heljen.

Marcel Ploegsma, âld klasgenoat, sei datsto altyd dwaande wiest mei toaniel. Woest as bern ek altyd al wat mei toaniel dwaan?
Myn rol as regiseur/dosint drama is bij tafal ûntstien. Ik woe eins aktiviteitenbegelieder wurde bij minsken mei in ferstandlike beheining. Om’t ik yn de begjin njoggentiger jierren net yn tsjinst woe, ha’k de oplieding dosint drama folge. Ik bin, efterôf sjoen, bliid dat ik it dien ha. As ik regisearjen en lesjaan neat mear oan fyn, dan wol ik graach timmerman wurde (dat woe ik al wurde doe’t ik 4 jier wie). 

BIS draait om de bern, mar sûnder profesjonele begelieding kin der nea sa’n heech nivo helle wurde. Wat betsjut BIS foar dij?
Bij BIS is de kombinaasje kreativiteit, teamwurk en pedagogyk heech fertsjintwurdige. It moaiste watst yn dyn libben wurde kinste, is dysels! In protte minsken wurde op harren reis nei it folwoeksene nammentlik immen oars en dat is ferhipte spitich.
Ik fyn it prachtig om mei bern te wurkjen en mei harren te praten oer wat harren dwaande hâldt.

Do likest mij ien dy’t hiel kreatyf is, mar bist ek muzikaal?
No wist, ik bin eins hielendal net sa muzikaal al ha’k wol yn in rockband gitaar spile en songen. Ik hâldt fan in protte muzyk. Ik bin bygelyks gek op de “softe” muziek van Tori Amos &  Cocorosie, de moderne muzyk fan The ThingTings & Duffy,  mar ik lústerje ek graach nei de hurde rockmuzyk fan Dream Theater. Mar myn echte favoryt is: de oefen cd’s dêr’t Kees van der Meer op sjongt.

Hokker oplieding hast dien?
MBO - aktiviteitenbegelieder
HBO -  dosint drama (en dêrnei noch in Hiele protte oare kursussen)

Hoe bist bij it BIS telâne kaam?
Foar myn staazje ha’k in toanielstik regisearre yn Spannum, dêr’t Tseard van der Hem yn meispile. Tseard siet doe al yn it bestjoer fan it BIS en fan it ien kaam it oar………………………!!!

Bij de audysjes moatte de bern beoardield wurde. Foar dyjinge dy’t trochgiet is dat prachtig fansels, mar de oaren binne fansels djip teloarsteld. Hoe giest dêr mei om?
De audysjes bij it BIS fyn ik net leuk, dy kinne mij stellen wurde. Bij folwoeksenen giet it wol, mar bij bern leit it folle gefoelicher. It leafst soe’k se allegearre trochgean litte, mar dat kin spitigernôch net. De earste wiken dat we repetearje bin ik mear dwaande mei de bern dy’t ôfwiisd binne, dan mei de bern dêr’t we it stik mei meitsje. Dat gefoel is yn de tsien jier dat ik bij it BIS dwaande bin allinne mar sterker wurden. It wurdt hieltyd lesticher om in kar te meitsjen, om’t je hieltyd mear minsken moetsje en om’t je witte hokker positive ynfloed it BIS op de bern ha kin.

We hawwe in protte talint yn Littenseradiel. Spitich dat, nei de lânlike polityk, no ek de Gemeente gjin kulturele ûndersteuning mear jaan wol. Kin BIS oerlibje?
Der sille altyd bern bliuwe en dus bliuwt der altyd ferlet fan in organisaasje lykas BIS. Ik sjoch no al út nei it 100 jierrich bestean!!

De bern ha it tige nei’t sin, mar in protte bern binne ûnwis op dizze leeftyd. Faaks sjochst dat al oan de útdrukking op it gesicht. Hoe soargest do derfoar dat de bern selsbetrouwen krije om yn juny en july as stjerren op it toaniel te stean.
It wichtigste is dat de bern harren op it gemak fiele. Bern klappe ticht as hja bygelyks pesten wurde as dat in bern in grutte mûle hat. As dosint en regiseur besteegje ik in protte tiid oan “feilich wurkjen”. As de bern harren goed fiele leare se mear, ha se mear plesier yn wat se dogge en dêrtroch wurdt de foarstelling allinne mar better!

Hoe sjocht BIS der neffens dij oer 10 jier út?
BIS sil, sosjaal sjoen, allinne noch mar groeie. Hieltyd mear âld BIS’ers sille werom sjen op in fijne BIS-tiid. Ik tink dat, der yn ús “haast-kulteur”, it BIS-hert hieltyd hurder klopjen giet. De yndruk/ynfloed dy’t BIS op de spilers en de meiwurkers hat, is fan grutte wearde op jins lettere ûntwikkeling.

Ik hoopje dat ik ûnderdiel wêze mei oan dizze ûntwikkeling.

 

 

« werom