Yn petear mei....Manon, Amarens en Martzen

Woansdei 12 oktober

Happy days wiene it ek foar de trije fammen fan It Petoer út Weidum, dy't fan't jier meidiene oan it Berneiepenloftspul yn Easterwierrum.

Amarens Vellinga die ferline jier ek al mei yn Odysseus. Prachtich fûn se dat doe. Wat in wille en wat wie it bysûnder om meielkoar sa'n moaie foarstelling te meitsjen en sjen te litten. "Mar dit stik wie noch moaier,"sizze sw alle trije.

Martzen de boer en Manon de Boer diene foar it earst mei. Foar Martzen is der gjin twadde kâns, want se sil aanst krekt as Amarens, nei it fourtset ûnderwiis. Manon wol takom jier graach wer meidwaan. Manon siet yn de dûnsgroep, krekt as Amarens.
Martzen spile yn'e figuraasje. Alle trije hiene se it drok foar en achter it dekôr. Achter de skermen waard it iene nei it oare oer de holle strûpt foar't se it poadium wer op koene. En dat moast soms best hurd. Mar dochs wie der ek noch tiid om meielkoar te praten oer oft alles wol goed gien wie en wa't der op de tribunes sieten.
En berneiepenloftspul betsjut foar de bern net alinne spyljen, sjongen of dûnsje, mar ek freonen meitsje en "ferlyfd" wurde!

It gong geweldich mei de foarstellings. Alle kearen moai waar en hast altyd de tribunes fol. Mar hoe wie dat by it repetearjen?
  "Wy soene yn april al yn de tún oefenje," seit Amarens,"mar it koe net. It wie hieltyd sok raar waar. It dekôr wie ek let klear, want de bouploech koe net trochwurkje. Wy ha mar in bytsje yn de tún repeteard."

Dan mar yn it Doarpshûs fan Easterwierrum oefenje. (Dûnsjuf) "Marit woe net dat wy te let kamen, mar se kaam sels faak te let en dan moast se trakearje," fertelle Amarens en Manon.
Martzen repetearde earst it meast by Hans Wempe. Hans studearre de ferskes mei de bern yn. "Ik moast ek mei nei de studioyn Terherne, seit Martzen. Dêr waarden de ferskes opnaam foar de CD. Wy krigen allegearre in earmikrofoantsje en wy songen yn de grutte mikrofoan. Soms moasten wy bêst faak in ferkse opnij dwaan. As de solosjongers oan bar wiene, gongen wy der út. En wy krigen allegearre  in iisko."

Letter moast toanielspile wurde bij Eelco (Venema) en Rieneke de Haan. Martzen spile yn de wolveroedel, as in bewegend boskje siet se haadrolspile Mowgli dwers en se hearde bij de Bandar Log fan apelieder Kwatta.
Martzen hie wol graach in tekstrol ha wollen, mar yn de figuraasje hie se it ek nei't sin. "Der wie in famke, dy't earst in tekstrol hie, mar dat gong net goed. Doe hat se ruile en kaam se by ús. By ús fûn se it prachtich".
Amarens en Manon moasten 8 dûnsen ynstudearje. Se ha mei in soad entûsjasme as slagen, bijen, apen, pizzakoeriers ensfh. dûnse. Manon wie earst wol in bytsje bang dat se it net goed dwaan soe.  "Dan kamen der thús brieven fan it Berne-Iepenloft en dan tocht ik dat ik net mear meidwaan mocht, mar dan gong it oer it bestellen fan kaarten." Safolle bringt it meidwaan oan it Berne-Iepenloft dus teweech by de bern.

Wat hat in bysûndere yndruk op de famkes makke?
Martzen: "Foar't wy spylje moasten sieten wy byelkoar achter yn de tinte. Wy songen mei Hans en dêrnei dien wy de yell: De jungle is in aventoer, wy' der yn fol fjoer. Yeahhhhhh!! (en Hans giet fuort en dat is stom)." (Hans Wempe hat op it feestje nei de lêste foarstelling ôfskie naam fan it Berne-Iepenloftspul).
Manon: "Nei ôfrin fan de lêste foarstelling diene wy meielkoar spultsjes yn it lân en we ha gek dien."
Amarens: "Eins net sa moai: Us pake is stoarn op de dei fan de premiêre. Mar ik hie al sa lang oefene, ik woe toch graach meidwaan." De heit fan ien fan de spilers waard slim siik. Dat hat ek in soad yndruk makke op de fammen. Se ha meielkoar harren bêst dien om dat famke (se siet by Martzen yn de groep) op te fangen.

Amarens, Martzen en Manon sille it Berne-Iepenloftspul en alle nije freontsjes en freondintsjes wol misse. Mar gelokkich sjogge se elkoar wer op de reüny yn oktober. Hooplik dûnset Manon takom jier troch it nije iepenloftspul hinne en hawwe Amarens, dy 't nei it gymnasium sil, en Martzen, dy't foar Havo/VWO keazen hat, it op harren nije skoallen nei't sin hawwe mei wer nije freonen.

 

« werom