Ynformaasje Audysjes 2016

Moandei 4 jannewaris

Oan de bern fan Littenseradiel

Baard, desimber 2015

Bêste famkes, jonges, memmen, heiten as fersoargers,

De plannen foar it 26e Berne Iepenloftspul 2016 lizze klear. Ek dit jier sykje wy wer bern dy’t graach toanielspylje, sjonge en/as dûnsje meie. De audysjes hjirfoar binne op sneon 16 en sneon 23 jannewaris 2016 yn doarpshûs De Tysker, Skuorrehôfwei 2A yn Easterwierrum.

Om’t der in soad oefenjen en repetearjen oan te pas komt, moatst goed witte wêr’tst oan begjinst; it is teamwurk, in goeie foarstelling komt net fansels! Joust dy op dan moatst ek repetearje. Misse der spilers, dan kin der net goed wurke wurde.

Der wurdt ynearsten repeteart op woansdeitemiddei fan 15.30 oant en mei 17.30 oere en sneon fan 10.00 oant en mei 14.00 oere. Yn it begjin is it repetearjen wat minder en tsjin de ein wat mear, dat sprekt fansels. Lykas yn foargeande jierren moat it ferfier nei en fan de repetysjes troch bern/âlders sels regele wurde. Yn prinsipe binne alle repetysjes yn doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum.  

As âlders har bern tastimming jouwe om har op te jaan, rekkenje wy derop dat de âlders/fersoargers ek mei helpe; dat kin net in frijbliuwende saak wêze. It bestjoer en alle meiwurkers dogge fansels ôfgryslik har bêst, mar sûnder de help fan de âlden kin it net! Wy tinke dêrby oan timmer- en skilderwurk, oan it dekôr en it naaien fan de kostúms. Boppedat wurdt der foar elke spiler in fergoeding frege fan € 50,00 dy’t fia in ienmalige machtiging fan jimme âlders/fersoargers harren rekken ôfskreaun wurdt.

Wolst graach meidwaan oan de audysje en in ûnferjitlike ûnderfining opdwaan? Stjoer dan  bygeande opjeftestrypke mei in resinte pasfoto as skoalfoto (gjin gewoane foto) sa gau mooglik, mar yn alle gefallen foar freed 8 jannewaris 2016, op nei it adres op it opjeftestrypke.

Wy ferwachtsje dy dan op de audysje fan sneon 16 jannewaris yn doarpshús De Tysker, Skuorrehôfwei 2A yn Easterwierrum. Foar bern út groep 7 is de audysje fan 10.00 - 12.00 oere. Foar bern út groep 8 is de audysje fan 13.00 - 15.00 oere. Elkenien komt yn in groep en docht trije audysjes: toaniel, dûns en muzyk. Yn de wike dêrnei hearst atst útnoege wurdst foar de twadde audysje op 23 jannewaris (fan 10 oant 12 oere). Want spitich genôch is der net foar elkenien in plakje.  

Binne der fragen, skilje dan efkes mei Baukje Hiemstra, tillefoannûmer 058-2519978 as mail nei: info@berneiepenloftspul.nl

Opjeftestrypke kwyt???? Dy kinst hjir nochris downloade!

Graach oant sjen!

Sjoch foar aktuele ynformaasje en spyldata op www.berneiepenloftspul.nl/foarstellingsdata.php

It bestjoer fan it Berne Iepenloftspul,

Baukje Hiemstra, Marjan Koldijk, Ria Kraa, Margje van der Velde, Johan Heddema, Pieter Dijkstra, Jan Franke Heida en Annet Hankel

« werom