2022 - Troch de Raarder bosk
Troch de Raarder Bosk basearre op de film In to the Woods út 2014. It is in kombinaasje fan de bekende mearkes fan Jiskepûster, Raponsje, Sjaak en ‘e beanestaak en it ferhaal fan de Bakker en syn fro...2021 - BIS Corp 9021
BIS Corp. 9021 It is 2021 en de wrâld leit der beroerd hinne: ûntefredenheid, lilkens, útsluting, nijs dat net nijs is, leagens, stikstof, plastik en pandemiën folje de loft oant in ferstikke...2020 - Troch de Raarder bosk (Oflast)
Spitich genôch koe dit spekatakel omwille fan it Corona firus net troch gean. It soe in jubileumstik wurde ter ere fan de 30e Bis foarstelling. Wy hoopje de 30e bis foarstelling yn 2021 spylje te kinnen mei in oa...2019 - Macbeth
It twa-stjerre restaurant “Skotlân State” fan eigner Duncan van Groningen hat in bêste namme. Nearne oars sette se sokke lekkere burgers op ‘e tafel. It feit dat Duncan alle dagen op telef...2018 - Alice yn Wûnderlân
Ach, dat earme famke Alice. Sy is bang. Bang dat poes Dinah dizze kear ECHT weirûn is. Bang dat se in raar famke is. En bang dat se fannacht wer raar dreame sil. Want dy dreamen, dy binne altiten sa rá...2017 - Pietje Bell en de binde fan 'e swarte hân
Wy geane dit jier werom yn 'e tiid. Werom nei rûchwei 100 jier lyn. Nei Rotterdam, in suterige stêd sûnder takomst. De bern gean net nei skoalle, se wurkje, want bernewurk is goedkea...2016 - De Geast fan Spultsjelittens
Oan 'e râne fan Hopbilstergryp leit in núver stikje braaklân. Der soe in nijbouwyk komme, mar it jild wie op, dus it gie net troch. De gemeente is der in bytsje mei oan, mar de bern fan Hopbilste...2015 - FRIEZZ!
In bewurking fan de IJskoningin“ fan Hans Christiaan Andersen en “Frozen” fan Disney. Foar wa't it noch net wit: Yn 'e pastorytún neist de tsjerke yn Easterwierrum wenje trollen! Gjin ...2014 - Bern de Baas!
“Oan alle bern fan Timptille. Wy binne fuort! Wy haw ús nocht. Gjin freonlike groeten fan de âlders fan Timptille”. Sa’n brief krije de bern út it doarp Timptille. Dat is fansels g...2013 - Asteriks & Obeliks
Hiel Gallië? Julius Caesar hat hiel West-Europa ferovere, op ien doarp nei! De Galliërs dêr, mei harren toverdrank, ha de gek mei de Romeinen. Mar dat sil net lang mear duorje! Caesar betinkt i...2012 - De Stim fan Lûdjewierrum
Wa wol der no net in “Idoal” wurde? No, de broerkes en suskes fan Hikke net, want dy kinne neat. Én se ha Hikke. Suske Hikke kin sjonge as de bêste. Dat hat se fan har mem. Hikke is ...2011 - Swart/wyt
Swart/Wyt De BIS-ferzje fan Swart/Wyt is ynspirearre op de film "Lang leve de koningin". De bewurking is makke troch Anna Bilker. Sietske is dom. Tenminsten, dat fynt master Roelof en har mem tinkt it ...2010 - Peter pan
Eigenwize mantsje Peter Pan wurdt mar net âlder. Peter Pan wa kin him net? Dat eigenwize mantsje, dat net âlder wurde wol. Mar eins in Peter Pan al flink op leeftyd. Hy is 90 jier ferlyn betocht troch ...2009 - Spegelspreuk
De measte bern dreame der wolris oer. Prins wêze of prinses. Wa soe dat no net wolle? No, Willem net. En dy is no krekt prins. Wat is't ek nuver ferdield yn'e wrâld net? Willem fynt der gjin barst oarn. Dat...2008 - It Swurd út de Stien
It Swurd út de Stien is in bewurking fan "De Lessen van Merlijn". In spannend aventoer is de famyljefoarstelling "It Swurd út de Stien", wêryn 't de skildknaap Wrat in grutte ro...2007 - Net Normaal
De femyljefoarstelling Net Normaal giet oer in lân dêr 't Generaal Isimo de baas is. Op in dei jout hy it befel om alle ûnsjogge bern op te pakken. "Dat rommet op". Grutte earen, lange noa...2006 - Jungleboek
Jungleboek is it ferhaal fan Mowgli, in jonkje dat libbet yn de jungle. Tusken de wolven fan De Horde fan de Folle Moanne hat er in libben sûnder soargen. Hy fielt him ien fan harren, mar is dat wol sa? As op in...2005 - Odyssee
Odysseus is in held, mar hy is gauris fan hûs om te fjochtsjen. Syn frou Penelope en syn soan Telemachus fine dêr fansels neat oan. Hoe langer as Odysseus fuort bliuwt, hoe mear manlju as der ek om de h&aci...2004 - De Fiifde Dei
Wat ha se it altyd drok op skoalle, dy lêste wiken foar de simmerfekânsje. Benammen de bern út groep 8. Net allinne mei de fêste jierlikse ôfslútingsrituelen mar ek mei it ôf...2003 - Oz
Dora is in famke dy't der wat út leit op skoalle. Har ferskriklike libbentsje op skoalle feroaret ynienen troch wol hiel wûnderlike omstannichhede! Dora belânet yn in lân mei heksen en tsjoen...2002 - Lucky Luke
It doarpke East Hill wurdt jierenlang teistere troch in slimme rûzje tusken twa famyljes: de Harkema's en de Tiemersma 's. Beide famyljes binne ôfstammelingen fan Friezen dy 't lang lyn nei East Hill emigre...2001 - Sake & It Suertsjefabryk
Wat in feest as direkteur Willy Wonka it suertsjefabryk ynienen wer iepenet. Dat is fantastysk, want Wonka makket it lekkerste snobbersguod fan de hiele wrâld. Omdat it feest is, wurde fiif superrepen mei in go...2000 - Robin Hood
Robin Hood wie de dryste held fan Ingelân yn de tiid fan kening Richard Lieuwehert. Hy wie in strider foar de ûnderdrukte en earme minsken. Om harren te helpen moast Robin stelle fan de riken. Prins Johan ...1999 - Ferjiteilân
Yn 1999 brochten de learlingen fan de basisskoallen yn de gemeente Littenseradiel foar de njoggende kear, in foarstelling yn de iepenloft. De bern spylje diskear it stik FERJIT EILÂN, nei it boek "Het eiland...1998 - De Skippers fan De Kameleon
Hylke en Sytse, de helden út de ferneamde Kameleonboeken, krije rom wetter yn de pastorijtún oan de Dilledyk. It ferhaal spilet him ôf yn de peaske-, simmer- en de hjerstfakânsje. De jongens...1997 - Heksen
Lammert, in jonge fan likernôch alve jier, hat syn heit en mem ferlern by in auto-ûngemak. Hy wennet no by syn beppe. Earst yn Noarwegen, dêr 't beppe wennet, letter yn Ingelân dêr'...1996 - Kening fan Katoaren
1992 - Minoes
Skiednis
Wolle jo wat sykje yn de skiednis
fan it Iepenloftspul dan kinne jo hjir telâne.