2018 - Alice yn Wûnderlân

Ach, dat earme famke Alice. Sy is bang. Bang dat poes Dinah dizze kear ECHT weirûn is. Bang dat se in raar famke is. En bang dat se fannacht wer raar dreame sil. Want dy dreamen, dy binne altiten sa ráár!Har heit seit dan dat se dêr krekt in ôfgryslik soad gelok mei hat, mei har rare dreamen. En mei dat se in hiel raar famke is. Want hy jout beppe Stropsma gelyk, dy't altiten seit: alle goeie minsken binne raar.

Dat sil wol, mar de dream dêr't Alice hjoed yn bedarret is wol híél raar! Der is in reade keningin en in wite keningin, in knyn mei in freeslike rotwekker en nuvere saken as Tsjantelkwak, Dropkedoepsie en in Blabberknauw. In wat?!

Niks is normaal yn dizze dream. Sels it keatsen net!Alice fynt it mar neat en besiket harsels wekker te razen. Mar dat slagget net. En miskyn wol se stiekem ek wol yn de dream bliuwe.  Wat wol se no echt? Wat is de echte Alice, wat is de ferkearde Alice, wat is de goeie Alice?Ien ding is wis: as Alice ophâldt fan dreamen, dan wurdt Wûnderlân foar altyd Underlân.