1998 - De Skippers fan De Kameleon

Hylke en Sytse, de helden út de ferneamde Kameleonboeken, krije rom wetter yn de pastorijtún oan de Dilledyk.
It ferhaal spilet him ôf yn de peaske-, simmer- en de hjerstfakânsje.
De jongens ha leafst altyd fakânsje. Dan kinne se der mei harren bisûndere boat op út.
Alle tiid foar aaisykjen, ljeppen, strúnen en om ûndogenske streken út te heljen. Mar de twilling stiet ek altyd klear om minsken te helpen. En fansels komme alle oare bekende persoanen lyk as heit en mem Klinkhamer, Gerben Zonderland, de dokter, pylsje Swart en Cor Bleker der dan ek oan te pas. Hoe it ôf rint mei dy earme frou Elzinga of mei dy rike menear Van Mechelen? En krije Wiebe en Gerda elkoar ek of wurdt it near?
It antwurd op al dy fragen wurdt jûn yn "De Skippers fan de Kameleon".

Foto's binne fan Kees Westra.