1999 - Ferjiteilân

Yn 1999 brochten de learlingen fan de basisskoallen yn de gemeente Littenseradiel foar de njoggende kear, in foarstelling yn de iepenloft. De bern spylje diskear it stik FERJIT EILÂN, nei it boek "Het eiland daarginds" fan de ferneamde berneboekeskriuwer Paul Biegel.
Benny Holtrop makke fan it ferhaal in frije bewurking yn it Frysk.

Troch toanielspyljen, sjongen en dûnsjen litte de bern de aventoeren sjen fan Kees. de soan fan in fjoertoer-wachter. Kees, dy't pleagjend Krieltsje neamd wurdt om' t er sa lyts is, sit faak achter de kompjûter. Dan surft er op it Ynternet en ferstjoert e-mail berjochten. Bygelyks nei de radio, oer it eilân dat er troch de grutte fierrekiker op de fjoertoer fan syn heit, lizzen sjoen hat.

Kees wol bewize dat it eilân  wier bestiet om 't er de oaren, dy't him noait leauwe en altyd pleagje, wolris sjen litte sil wat er kin. Dêrom giet er op syk.
It slagget him om it eilân te berikken, mar hy komt dêr yn in wrâld telâne fan izeren manlju en porseleinen froulju. De baas fan it eilân, Bobo, Rudolf Witniks, fynt dat it wêzen fan fleis fierstentefolle wit en stjoert him nei de ôflearskoalle. Wat Kees dêr allegearre belibbet en hoe't  er nei spannende aventoeren besiket wer thús te kommen is allegearre te sjen yn dit fantastyske ferhaal, dêr 't de kompjûter in ûnmisbare rol yn spilet.