2015 - FRIEZZ!

In bewurking fan de IJskoningin“ fan Hans Christiaan Andersen en “Frozen” fan Disney.
Foar wa't it noch net wit: Yn 'e pastorytún neist de tsjerke yn Easterwierrum wenje trollen! Gjin noed, se kinne gjin kwea. Nachts komme se ta libben en fertelle inoar ferhaaltsjes. It leafst oer de leafde, want dêr witte trollen ommers alles fan. Ferhaaltsjes foar it wekker wurden en dat al 25 jier! Dit jier belibje de troltsjes fan Easterwierrum it ferhaal fan 'de Prinsesse mei it beferzen hert'  Elza en Anna binne twa Prinseskes yn it keninkryk fan Arendelle. De ien (Elza) hat toverkrêft, mar woe der it leafst fan ôf en de oar (Anna) fynt harsels mar 'hiel gewoan' en soe graach bysúnder wêze wolle lykas har suske. Op 'e dei dat Elza keninginne wurde sil, giet it mis. Elza feroaret it simmerske Arendelle yn in wrâld fan snie en iis. Ûngelokje, kin gebeure... Elza flechtet de bergen yn en Anna sil achter har oan om Arendelle te rêden fan de kjeld. Holpen troch in iisferkeaper, in eland en in sniepop set Anna alles op alles om de simmer én har suske wer werom te krijen. FRIEZZ! is in waarme foarstelling oer 'sisterlove', 'dysels wêze' en hoe ast in beferzen hert foarkomme kinst (altyd handich om te witten). Wês wolkom yn ús tún foar ús 25 jierrich jubileum!