1997 - Heksen

Lammert, in jonge fan likernôch alve jier, hat syn heit en mem ferlern by in auto-ûngemak. Hy wennet no by syn beppe. Earst yn Noarwegen, dêr 't beppe wennet, letter yn Ingelân dêr't Lammert syn thús wie.

Lammert syn beppe is in bysûndere frou, dy't prachtige, mar ek spannende ferhalen fertelle kin. Se fertelt bygelyks oer heksen, dy't der hiel oars útsjogge as de measte minsken tinke. Beppe seit dat heksen ôfgryslik it mier ha oan bern. Se fine dat dy nei hûnestront stjonke. "Pas mar op", warskôget se, "bliuw út de buert, want se litte bern ferdwine of betsjoen har yn in hin, in pod of in mûs!"

Yn'e grutte fekânsje, as Lammert en beppe yn in hotel oan see útfanhúzje, bart it. Lammert en syn freon Bruno komme echte heksen tsjin. Under lieding fan de opperhekse krije dy jongens te pakken. Mar dan is beppe der ek noch.... Noch nea belibbe Lammert sa'n spannende fekânsje.