2008 - It Swurd út de Stien

It Swurd út de Stien is in bewurking fan "De Lessen van Merlijn".
In spannend aventoer is de famyljefoarstelling "It Swurd út de Stien", wêryn 't de skildknaap Wrat in grutte rol spilet. Wrat wol graach ridder wurde en oan in echter riddertoernoai meidwaan.

As Merlyn de tsjoender as húsûnderwizer op it kastiel komt, ûnderwiist hy net ridder Kay, mar Wrat. Troch besites te bringen oan snoeken, fredemieren en guozzen, leart Wrat fan Merlyn hoe't it yn it deistige libben krekt net moat.
Dan ferjit Wrat by it wichtige riddertoernoai it swurd fan ridder Kay en ja, dan moat der in oplossing komme en rint it ferhaal foar Wrat hiel oars ôf.

In stik dat him ôfspilet yn de midsieuwen, mar dêr 't saken yn foar komme dy 't hjoed-de-dei ek noch altyd aktueel binne. Ien en oar wurdt op in fermaaklike wize troch de spilers foar it fuortlocht brocht.

Skriuwer Sjoerd Bottema hat foar it Berne-Iepenloftspul it stik "De Lessen van Merlijn" bewurke.