2002 - Lucky Luke

It doarpke East Hill wurdt jierenlang teistere troch in slimme rûzje tusken twa famyljes: de Harkema's en de Tiemersma 's. Beide famyljes binne ôfstammelingen fan Friezen dy 't lang lyn nei East Hill emigrearre binne. De Harkema's kamen út de Wâlden en de Tiemersma 's fan de klaai en dat is noch altyd oan har aksint te hearren. Ek oan har úterlik kenst se der daliks út, de Harkema's ha kolosale flapearen en de Tiemersma's in grutte reade noas.
Lucky Luke, de dryste held dy't nea ferblikt en flugger sjit as it skaad, is mei de Daltons ûnderweis nei it gerjochtshôf  yn de stêd  en komt lâns it doarpke East Hill.
Dêr roppe de boargemster en de sherrif syn help yn by it oplossen fan de swierrichheden mei de Harkema 's en de Tiemersma 's.
Holpen troch de jeugd (de freondinnen Hanneke Harkema en Tineke Tiemersma) en de âlderein (Harkema sr. en Tiemersma sr.) en mei wat list en bedroch, wit Lucky Luke, nei in soad trammelant en tûkelteammen te berikken dat de Harkema's en de Tiemersma's frede slúte.