2007 - Net Normaal

De femyljefoarstelling Net Normaal giet oer in lân dêr 't Generaal Isimo de baas is.
Op in dei jout hy it befel om alle ûnsjogge bern op te pakken. "Dat rommet op".
Grutte earen, lange noas, maatsje 44? Fuort der mei. Yn in opfanghûs foar ûnsjogge bern, dêr hearre se thús! Mei syn slûchslimme plan set de Generaal âlders en bern op 'e ferkearde foet en op dy wize kriget er sels harren meiwurking. Hy is op it lêst de machtichste man fan it lân. Hy wit wat goed is foar syn folk. Pas as de âlders yn 'e gaten krije wat der bard is, is it te let en binne de bern al nei in ûnbekend plak ta brocht, fier fuort. Op twa nei.
Foar dy beide begjint in grut aventoer.