2003 - Oz

Dora is in famke dy't der wat út leit op skoalle. Har ferskriklike libbentsje op skoalle feroaret ynienen troch wol hiel wûnderlike omstannichhede!
Dora belânet yn in lân mei heksen en tsjoenders, en oare frjemde wezens: OZ. Wylst se op syk is nei in wize om út dit frjemde lân te kommen, slút se freonskip mei Blikjeman, Fûgelskrik en Leffe Liuw.
Alle fjouwer ha se in doel en der is mar ien persoan dy't harren der by helpe kin: de tsjoender fan Oz. Mar foardat dy harren helpe wol, moatte se earst noch Walgina, de ferskriklike heks fan it Westen, ferslaan. En dat ......is noch net sa maklik!