2000 - Robin Hood

Robin Hood wie de dryste held fan Ingelân yn de tiid fan kening Richard Lieuwehert.
Hy wie in strider foar de ûnderdrukte en earme minsken. Om harren te helpen moast Robin stelle fan de riken. Prins Johan en syn gefolch, betochten hieltyd nije en hegere belêstingen foar it folk, sadat se der sels lui en lúks op loslibje koene.
Robin en syn Griene Binde libben yn de bosken fan Sherwood om't se út harren eigen húzen ferjage wiene troch de hege hearen. Prins John naam it plak yn fan syn broer Richard Liuwehert. Richard wie in goede en earlike kening mar waard op Krústocht nei it Hillige Lân finzen naam. As Robin en syn maten op in dei samar ynienen feroarje yn echte kriminelen dy't allinne noch stelle om der sels better fan te wurden, wurdt it folk kjel.
Se lykje wol betsjoend. Tagelyk docht bliken dat Prins John beskikt oer in machtich wapen en spitigernôch komt Richard Liuwehert mar net werom. Soene de mislike oerhearskers de slach dan foargoed winne of komt der noch help fan de heimsinnige Swarte Muonts?