2011 - Swart/wyt

Swart/Wyt

De BIS-ferzje fan Swart/Wyt is ynspirearre op de film "Lang leve de koningin".
De bewurking is makke troch Anna Bilker.

Sietske is dom. Tenminsten, dat fynt master Roelof en har mem tinkt it ek. Sietske hellet minne sifers op skoalle en de bern laitsje har út. En Sietske sels? Dy hat hiele oare sake oan'e holle. De fraach wa't har heit is, bygelyks. En wêrom't
hy net by har, har mem en pake yné hûs wennet. En wa't dy frjemde man is neist har mem op'e foto.

Alles wurdt oars as Freark by har yn'e klasse komt. Dat giet der in nije wrâld foar Sietske iepen. In fantasijwrâld folpratende en dûnsjende skaakstikken, in leave keninginne en in grappige kening. Sietske leart skaken, se leart dat
se hielendal net dom is, en moaier noch: se komt te witten wa't har heit is.


Swart/Wyt is in fleurige, yntime en magyske foarstelling dêr't twa wrâlden ien wurde: de wrâld fan hjoed de dei, én de wrâld fan'e ferbylding. Fol dûns en sjongen, en beslist net swart/wit, mar wol keur en fleur. Ien ding is wis: as oan it ein beide wrâlden ien wurde, giet elkenien mei blier hert nei hûs.