BIS audysjes 21 jannewaris 2012!

Sneon 21 jannewaris

Sneon 21 jannewaris hawwe 83 bern út de gemeente Littenseradiel audysje dyn. Foar de bern dy't oan de audysje meidyn hawwe in tige spannende dei. Want hja witte dat der úteinliks mar 35 bern oerbliuwe dy't meispylje kinne yn it stik "De Stim fan Lûdsjewierrum"!. Guon bern wiene sa senuweftich dat hja súver wat wyt om it snútsje seagen. En ja de bern hawwe tige harren bêst dyn!
Nije wike is de folgjende ronde fan de audysjes. Dus hjoed moatte der al in oantal bern ôffalle. Mar dat bestjut fansels net dat dizze bern neat kinne. Der binne in soad bern dy't wol wat kinne, mar ja der binne gewoan tefolle. Gelokkich witte de bern dat hiel goed en se hawwe yn elts gefal in hiele leuke moarn of middei hawn. Dus alle bern by dizze tige tank foar jimme ynset en wa wit .....


BIS audysjes 1e Ronde

Fotograaf: Johan van der Klaauw

« werom