• nijs
  • foarstelling
  • ynformaasje
  • foto's
  • stipers
  • skiednis
  • home

ynformaasje

Stifting Berne Iepenloftspul
p/a Blankendalwei 8
8629 EH SCHARNEGOUTUM

MEAR YNFORMAASJE

Wolle jo mear ynformaasje en hawwe jo dat net fine kinnen op dizze side?
Of hawwe jo in fraach foar it bestjoer?
Mail jo fraach dan nei: bis.berneiepenloftspul@gmail.com
We nimme dan sa gau as mooglik kontakt mei jo op.

KAARTFERKEAP
Hawwe jo fragen oangeande kaarten of oer de kaartferkeap, dan kinne jo in in mailtsje stjoere nei:
bis.kaartferkeap@gmail.com of belje mei: 06 - 13 48 80 00 fanôf 1-5-2020 as fia Whatsapp/SMS.


Mocht in foarstelling om te waar net trochgean kinne, dan binne de kaarten jildich foar de reservedatum! Mocht de reservedatum ek net trochgean, dan krije jo it jild foar de kaarten werom. Dus let by it bestellen fan kaarten ek op de reservedatum. Dizze data stean ûnder it kopke FOARSTELLINGSDATA op dizze side. Bestelde kaarten wurde net werom naam. Allinne by êrnstige redenen wolle wy wol in útsûndering meitsje.

OANFANG EN EINTIID
De jûn-foarstelling begint om 20.30 oere en de middei-foarstelling begint om 15.30 oere. De foarstelling duorret mei skoft in lytse 2 oeren.
De foarstellings fine plak neist MFC De Tysker, oan De Eker yn Easterwierrum.

PARKEAREN 

It parkearen is oan de hegedyk rjochting Mantgum! As jo fanôf Boazum as Raard komme moatte jo rjochting Mantgum ride en dan oan de rjochterkant is it parkearen. Folgje de ynstruksjes fan de parkearwachten. Jo moatte dan in lyts eintsje rinne. Binne jo net ta steat in eintsje te rinnen, om hokker reden dan ek, dan is it mooglik om tichtby yn en út te stappen. Dit is altyd yn oerliz mei de parkeerwacht.

AL OF NET TROCHGEAN FAN IN FOARSTELLING
Wannear't in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde jûn in om ± 18.15 - 18.30 oere bekend makke op dizze webside. Mocht in middei-foarstelling net trochgean dan wurdt dat hjir ek foar 13.15 - 13.30 oere bekend makke.
 

foarstellingsdata

gasteboek

Berne Iepenloftspul

Skuorrehôfwei 2A
9021 CE Easterwierrum info@berneiepenloftspul.nl

Privacyverklaring

folgje ús

Facebook
Twitter
Instagram

lokaasje