BIS Spilet Alice yn Wûnderlân

Tongersdei 5 april

Sa as de tûke lêzer yntusken begrepen hat, is de Alice dy't harren kat mist, in akteur fan it Berneiepenloftspul yn Easterwierrum. De kat sels trouwens ek. En 35 oare bern ek. Sy spylje dit jier yn in wol hiel wûnderlik dekor, mei nuvere wêzens en klean sa as jimme noch noait sjoen ha. Premjère is op 21 juni!

Bêste minsken út ‘e Greidhoeke,

Myn namme is Alice, dochter fan Karel en Hanneke, en al sûnt 17 febrewaris is myn kat Dinah fuort. Foetsie. Kwyt. Nada. Nearne te bekinnen. Ik tink fuortrûn om’t de hûn fan buorman Terpstra begûn te blaffen. Se is bang foar hûnen. Al hoecht se net bang foar de hûn fan buorman Terpstra te wêzen, want dat is in Tekkel. Ik bin bang dat se noait wer thús komt by my yn Easterwierrum. Of dat se ferhongerje sil, al komme der gelokkig hast wer lytse fûgeltsjes yn de nêstkes, al is dat ek wer wat sneu foar de fûgels. It soe better wêze at se wer thús komt, by my, sadat ik mysels net gûlend yn sliep hoech te skriemen. Se is swart, mei in wite bef en in read halsbantsje mei beltsje. Och, óf se is ûnder in auto kaam, mar dan soe ien libben van de njoggen skeint wêze en moat se noch earne omrinne, tinke jimme net? Helpe jimme my, mei it sykjen nei Dinah op 21, 23, 24, 27, 29 of 30 juny? Jimme kinne jimme oanmelde fia www.berneiepenloftspul.nl.

Myn tank is grút en hiel graach oant dan! Oh ja, sammelje by de Tysker.

Alice.

« werom