Easterwierrum mei wol oer dy jierlikse ynvaasje

Tongersdei 16 juny

,,It stiet der op hear!”

Altiten itselde antwurd dat fuortendaliks werom maild wurdt troch webbehearder Meint Miedema fan de doarpswebside fan Easterwierrum. Hoe folle berjochten, foto’s, updates en warskôgings it Berne Iepenloft Spul ek stjoert oer wat der no wer oan ’e hân is, it wurdt altiten grif online setten. ,,Wat goed is foar BIS, is goed foar it doarp”, is Meint syn motto.

En it liket wol as draacht it hiele doarp op dizze wize it jierliks werom kommende sirkus. Makket neat dat it drokte en faaks wat oerlêst meibringt, BIS sit al in jier as tweintich yn it doarp oan ’e Swette en se wolle it net kwyt. Oarsom, se helpe altiten wêr’t se kinne. De ien hat alle jierren hûnderten auto’s op syn lân, de oar bewarret it jier troch de klaaikeet yn it hok. Wer in oar set besikers de dyk oer as soarget alle jierren foar it elektrys.

Djoke Reitsma bygelyks fielt har der al sûnt jierren by belutsen. ,,Myn skoanmem hat it jierren ferlyn mei opsetten, en it is altiten in gesellige klub bleaun. Myn man hat in pear jier yn it bestjoer sitten en sy geane noch altiten mei syn allen der hinne. Efkes in hapke ite en dan nei de foarstelling. Us twa dochters hawwe meidien en de jongste  sit no yn groep seis, dus wa wit...”

Djoke sit yn de behearskommisje fan De Tysker dat it is foar har ek spannend hoe’t it dit jier giet: de foarstelling is no net mear yn ’e pastorijtún mar neist it doarpshûs. ,,Dat is net sa’n smûk plakje mar praktysk is it hiel geskikt. De ketering, it ferklaaien: dat kin no allegear moai binnen. Allinnich as der in soad wyn is, dan wit ik it net.”

Yn alle gefal sil dan net de klaaitinte mear omwaaie, wat ferline jier noch it gefal wie. ,,Doe wie ik der as ien fan de earsten by om it allegear op te rêden”, fertelt Hedzer van der Meer. ,,Dat gong mâl.” Hy hat as ynstallateur altiten holpen mei fragen op it mêd fan omballingen en technyk, syn dochter hat meidraaid yn de pr-kommisje en hy is der no ek wer by belutsen fia De Tysker. ,,It is wat drokte mar it jout altiten folle mear ferdiverdaasje as oerlêst. Je moatte dochs mei elkoar troch de tiid. Wy hienen mei De Slachte in moai spandoek oer de brêge te hingjen mei de tekst ‘libje foar en mei elkoar’ en sa is it mar krekt. Dat is in rigel út it Easterwierrumer folksliet.”

André Bootsma fan it boubedriuw is ien fan de nije buorlju fan BIS. ,,Moai dat sy yn it doarp bleaun binne no’t de tsjerke en pastorij ferkocht wurde. It is no by ús efter en wy fine dat allinnich mar leuk. It soe jammer wêze as it fuortgean soe.”

Troch Ria Kraa - Op'e Skille 15 juny 2016

« werom