In dekôr moat net opfalle mar meihelpe

Tongersdei 14 juny

Spannend wie it en spannend is it noch altiten. Jan Bruinsma wie ferrast doe’t regisseurs Romke Gabe Draijer en Sjoerd Blom him fregen in ûntwerp te meitsjen foar it dekôr fan it Berne-Iepenloftspul yn Easterwierrum. ,,Ik bin al fyftjin jier teatertechnikus en dekôrbouwer – mar ûntwerp hie ik noch nea dien. Dat ik wie fereard!” It skript, Alice yn Wûnderlân, hoechde hy net iens hielendal te lêzen. ,,Ik haw mei de regisseurs om tafel sitten om it der oer te hawwen hokker kant it útgiet en it skript lêzen. Mar dêr hoech ik mar mei te begjinne of der ûntstien fuortendaliks allegear bylden yn myn holle.”

Hoe dat kin? Neam it de magy fan teater, de magy fan keunst, as de magy fan it âlde ferhaal fan Lewis Caroll. ,,Alice dreamt en libbet dus yn ferskate wrâlden. Dat begjint dus mei in famke dy’t sliept yn sa’n famkeskeammerke mei in IKEA-behangetje fan bjirkestamkes – no, dan giet it by my al los!”

It is wol gniezen dat hy no ris oan de oare kant fan sa’n bouwploech stiet. ,,Ik wurkje altiten oan de kant fan dêr’t al gauris kommentaar levere wurdt: hoe KIN sa’n ûntwerper it sa betinke. En no haw ik it sels betocht en moat ik ferdigenje wêrom’t ik it sa-en-sa hawwe wol.” Hy laket: dat fynt er moai, dat slagget him wol. 

Hoe wurdt it dan? ,,It is puer en strak en abstrakt. Want mei de kostúms wurdt der útpakt en dat effekt wurdt fersterkt as it dekôr dêr moai mei yn konstrast stiet. It dekor moat net per se opfalle mar meihelpe oan it gehiel.” It is trouwens net sá abstrakt as it earst liket, want….o nee. Dêroer fertelt Bruinsma noch neat. It moat al in ferrassing bliuwe.

It leafst timmeret hy sels ek mei, want it is it moaiste om it mei syn allen te dwaan. Dat slagget net altiten, want it is even in rit fanút syn wenplak Feanwâlden. ,,Hjir by ús hawwe wy soks net, in berneiepenloftspul. Ik haw it yn Easterwierrum ek noch noait sjoen. Dat ek wat dat oanbelanget, is it tige spannend.”

Troch: Ria Kraa

Foto: Johan van der Klaauw

 

« werom