In stjer der by foar it Berne-iepenloftspul

Tiisdei 17 maaie

(Út Op'e Skille 23 juny 2010)

Easterwierrum - Hoe kin it dat in foarstelling troch bern je sa reitsje kin? Hast elk jier is der yn it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum wol sa’n momint dat je efkes hielendal wei wurde yn spul en byld.

 

By de tweintichste edysje is dat yn it slot fan de foarstelling, at alle spilers yn in ‘freeze’ om Wendy hinne stean en hja yn in heldere solo sjongt dat se wer yn dreamen leauwe kin. It is puur, it is prachtich. Mei gemak en fanselssprekkendheid lûkt spylster Anna Rixt Steensma alle oandacht fan it publyk nei har ta. Regisseur Marius del Grosso sil tefreden west ha oer dit momint. ‘Focus!’ joech hy de bern mei en sjoch dat hat effekt.

Dat de foarstelling je pakt sit seker yn de foarmjouwing. It dekor is in fantasyfolle kombinaasje fan in grut skip yn in oerwâldeftige entoeraazje, mei grapkes der yn ferwurke as glydbanen en kabeltouwen. Sa sit de boartlikheid fuort al ynboud en hoecht de rezjy mar in pear oanwizings te jaan om de bern ta spul te krijen. Oan alles is te fernimmen dat it artistyk team mei mekoar oparbeide hat om alle mooglikheden ta kreativiteit te benutten. Dat resultearret yn prachtige bylden, sa  as Tink dy’t sweevjend oan in kabelbaan opkomt yn in pakje mei lichtjes yn de fleugels. Dy pakjes binne dit jier hast noch wer moaier as oare kearen.

Mar boppe al binne it de bern dy ‘t je meinimme yn it ferhaal fan Peter Pan. Se spylje mei faasje en oprjochtheid. At oan it ein fan de foarstelling in grutte fjoerpylk de loft yn giet, ûnderstreket dat: BIS hat der mei dizze foarstelling in stjer by.

« werom