In stjêr wêze betsjut ek in soad wachtsjen

Woansdei 7 juny

Twa famkes sitte mei de rêch tsjin de muorre fan mfc De Tysker yn Easterwierrum. Sy moatte wachtsje oant sy oan de beurt binne om te aktearjen. Sy sjogge hoe’t twa jonges in sène spylje út Pietje Bell en de binde fan de Swarte Hân.

Regisseurs Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom binne tefreden. ,,It is sûnt maaie in kwestje fan byskave en de sènes oppenij sette yn it dekor. Soms pakt dat hiel oars út as yn ‘e oefenromte.” Dus hup oan it wurk. Nochris in kear, krije akteurs Lútzen en Jorrit te hearren. Jorrit sjocht nei in stapel jild, seit ,,10.000 gûne! Dat is dan 5000 foar my” en besiket dat jild te pakken - en Lútsen hâldt him tsjin. Liket simpel, mar hoe docht men soks mei de perfekte útdrukking op it gesicht, op perfekte toan en mei perfekte timing? En dan de stappen en gebaren der noch by.

De jonges dogge it wol tsien kear en de fammen hawwe it no wol sjoen, dy hawwe no mear oandacht foar harren nije skuon mei flikkerlampkes.

,,Net fuortendaliks dat jild pakke hear Jorrit! Wy wolle dyn hebberichheid sjen. Sjoch der echt even nei: sá’n soad jild!”  Sjoerd docht efkes foar hoe’t Jorrit it krekt die en dan hoe’t it ek kinne soe. ,,Eagen iepen sperre, mûle falt ek iepen, kwijle...no ja kwijle? Dat is by wize fan sprekken.”

Nochris dus. ,,Dit wie top!”, seit Romke Gabe no. ,,Dit wie hiel moai jonges, hoe’t jimme it diene.”

Dan moat Lútzen noch mear oan de bak. Hy spilet Pyt Swarte, in gemiene kearel. ,,Do bist wol de man he, búk ûntspannen, de tiid nimme foar dyn monolooch, echt even dyn gal spuie!” En hop, dêr giet Lútzen. En nochris. En nochris. Underwilens sjongt in oare ploech bern yn de seal dernêst, komt dûnsjuf Coco freegje hoe’t it ek al wer siet mei dy iene dûnspas en komt de ynstekster binnen mei in fraach. En somtiden komt der ek in fotograaf, in grimeur, in filmploechje en jawol sels in drone foarby. Je soene je hast in echte stjerakteur fiele. Besykje yn al dy drokte dan mar ris ,,dyn irritaasje op te bouwen” en ,,hyltiid lilker te wurden”. Dreech hear.

« werom