Jan-Eric Valkema tovert alle jierren in nije wrâld

Tongersdei 2 juny

Mei frijwilligers wurkje is in fak apart. ,,Dan kinne op in sneontemoarn samar ynienen tretjin bouheiten foar dy stean”, seit Jan-Eric Valkema út Kûbaard, dy’t al sûnt 2005 belutsen is by BIS belutsen is by it Berne Iepenloft Spul yn Easterwierrum. Earst as ‘bouheit’, doe twa jier as boukoördinator en sûnt 2008 as ûntwerper fan de dekors.

En net allinnich betinkt hy it, dêrnei koördineart hy in pear moannen lang de bouploech. Dat binne meast heiten (nee, memmen noch altiten hast noait) fan bern dy’t meidogge. As der dan ynienen in folle gruttere ploech is dan dêr’t op rekkene wie, is it wol efkes ymprovisearje. Mar dat is no krekt de útdaging. Eltsenien leart der in soad fan. ,,Ik sis altiten: oan ’e ein fan de rit kinne sy allegear wol begjinne as ZZP’er.”

De presintaasje fan de maquette oan de bern yn jannewaris is altiten in spannend momint. ,,It bestjoer kin wol wat aardichs roppe mar as de bern it net moai fine, dan is it mis. Dy moatte it begripe.” Op dat momint hat Jan-Eric allang it skript lêzen en der wakker oer neitocht hoe’t hy soks no omsette kin yn in dekor dêr’t it publyk wat fan snapt en dat foar de bern in bytsje apekoai is. ,,Se moatte oeral út en efterwei komme kinne.” Dat duorret efkes. ,,Ik rin der in skoftke mei om, wurdt der wolris wekker fan en kôgje der wat op, en dan ynienen falt it kwartsje.”

Junglebook en Net Normaal wienen syn earste dekors. It begûn doe’t syn dochters meidienen. ,,Us Nynke en ús Femke hawwe beide twa kear meidien en dat wie foar my in openbaring. Dat je mei syn allen wat moais meitsje kinne en dan dy bern it strieljende middelpunt. Myn dochters binne der echt mei besmet rekke en helpe noch hieltyd wolris mei. It is hast in famyljebarren.”

De keunst is om mei in beheind budget om te gean. ,,Dat jo besykje al by it ûntwerp it sa te meitsjen dat je de materialen nochris brûke kinne. Wy hawwe no krekt de lêste spoaren fan Frozen, it stik fan ferline jier, oerferve. Dat is altyd in momint dat ik tink: jammer, no is it echt fuort. Gelokkich hawwe wy de foto’s noch.” Der binne altiten mominten dat Jan-Eric by de bou ynienen wat foarby kommen sjocht dêr’t hy fan wit: ‘hé, dat is in plank út Odyssee’ as ‘aha, hjir haw ik in plaat út Junglebook!’

Nij is dit jier de lokaasje, nêst doarpshûs De Tysker, sûnder it smûke fan de pastorijtún dêr’t BIS jierrenlang sitten hat. ,,En de minsken fan ljocht en lûd moatte dêr ek rekken mei hâlde en wat nijs útfine. Dit plak hat wer hiel oare mooglikheden.” De twadde grutte útdaging is dat de skriuwer as lokaasje ‘in stikje braaklizzend lân’ betocht hat. Hy laket. ,,Wat falt dêr no noch oan te dekorbouwen, soest sizze. Dit is echt ‘de kunst van het weglaten’, haha.”

It sjit al moai op mei it dekor. Untwerper Jan-Eric Valkema (griene trui) oerleit efkes mei regisseur Eelco Venema. Valkema’s dekor foar it stik Spegelspreuk wûn yn 2009 in Gouden Gurbe foar de bêste foarmjouwing. Foto: Johan van der Klaauw
Troch: Ria Kraa, Op'e Skille - 1 juny 2016

« werom