Resinsje FD 25 juni 2012

Woansdei 11 july

Berneiepenloftspul mei ferrassende draai

Skriuwer Hans Brans en skriuwer/musikus Peter Sijbenga hawwe it mei it Berneiepenloftspul (BIS) yn Easterwierrum oer in oare boech goait. Gjin musical-opset, meit wikseljend ferhaaltsje, dûnske, ferske, mar muzykteater wêrby 't ferhaal, dûns en sang ien gehiel foarmje en yn inoar oer rinne. De 35 bern litte sjen dat se hjir hiel goed mei út de fuotten kinne.
De oare opset fan "De Stim fan Lûdsjewierrum" betsjut ek in oare rolferdieling. Oars lei de klam foaral op de haadpersoanen út it ferhaal, dat is no ferskood nei de sjongers en dûnsers. Wylst de spilers komme en gean, bliuwt dizze ploech stean. En se moatte wrotte. De dûnsers sjonge mei en de sjongers dûnsje ek. Allegearre meitsje se ek noch muzyk, fersterkje tekst en spul en hawwe amper tiid sa no en dan efkes rêstich te sykheljen. En se dogge it fantastysk.

Lûdsjekrûd
It ferhaal is ophongen oan de machtich moaie stim fan Hikke út it doarp Lûdsjewierrum. Mar as de seurende sjuery foar de "voice fan" komt om har oan te hearren, binne de stimbannen fan Hikke lek. Om se te reparearjen geane har sân broerkes en suskes op 'e siik nei it lûdsjekrûd yn de mearketún fan Teake Túnman dy 't nammers spile wurdt troch Peter Sijbenga sels. Op in sintraal plak op it poadium musisearret eer en strielt út dat er in soad wille hat mei dizze rol en mei de bern.

Speurtocht
De speurtocht fan de oare broerkes en suskes is it reade tried yn dit stik. As se der oan begjinne tinke se dat se neat kinne. Se wurde yn'e tún ferlaat troch mearkewêzens as de Tweebra en reitsje yn 'e put. Mar se slaan werom en merkbite dat se mei elkoar dochs fan alles kinne. By eintsje beslút kinne se sels wurde wat bern hjoedde dei sa graach wolle: ferneamd.

De "crew" fan it berneiepenloftspul levert wêr goed wurk. Regisseur Froukje van Houten en helpers litte de bern moai en mei fjoer spylje en sjonge. De dûns fan Wilma Hoornstra slút der prachtich op oan. De muzyk fan Peter Sijbenga is oansteklik. De fantastyske klean fan Anneke Hogeveen passe moai yn it grutte en dochs yntime dekor fan Jaap Groen dat simpel fan doarp yn tún feroaret. It ferhaal en de sjongteksten fan Hans Brans en Peter Sijbenga jouwe mei humor en fantasije kommintaar op it stribjen ferneamd te wurden.

De Stim fan Lûdsjewierrum ferset én prikelet de sinnen.

 

Troch Jelte Albada - FD 25 juny 2012
Foto Frans Andringa

« werom