Spannend: audysjes Berneiepenloftspul!

Moandei 4 jannewaris

It is has wer safier: it Berneiepenloftspul 2016 set utein! De bern út de groepen 7 en 8 fan alle skoallen yn Littenseradiel hawwe allegear in útnoeging krigen foar de audysjes yn jannewaris. Dat wurde wer twa superspannende dagen yn doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum want der komme al gau in soad bern op ôf, wylst der mar plak is foar ûngefear 35 bern. Mar hoe dan ik wurde beide audysjedagen in feest om mei te meitsjen, mei in protte toanielspylje, sjonge en dûnsje.

It stik dat dizze simmer spile wurdt, bestiet noch net, lykas Frozen fan ferline jier dat in bewurking wie fan de bekende Disney-film. Dit jier is keazen foar in spiksplinternij stik, dêr't no noch de puntjes fan op de i setten wurde. Betinker en skriuwer is Peter Sijbenga, dy't al jierren by BIS belutsen is as tekst- en lietskriuwer.

It stik hiet fan De geast fan spultsjelittens. It giet oer bern dy't mei al harren fantasij spylje op in braaklizzend stikje grûn njonken it doarp - en ek wat der op dat plakje ferdwûn is oan skiednis. En wat hat in geast no wer mei dit alles te krijen?!

It belooft in spannend, oandwaanlik stik te wurden dêr't de bern sels in fikse ynbring yn hawwe kinne, lykas meiprate oer it dekor.
It is net de earste kear dat Peter Sijbenga fan de earste oant de lêste letter ferantwurdlik is foar in toanielstik foar BIS. Yn 2012 skreau hy De stim fan Lûdsjewierrum, dêr't BIS doe de Gouden Gurbe Publykspriis mei wûn hat.

Dat set alfêst yn 'e aginda de foarstellingsdata: 16, 18,19, 22,24 en 25 juny! En folgje de website www.berneiepenloftspul.nl.

 

« werom