Spetterjende teatermiddei

Woansdei 12 oktober

It Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum bestiet 20 jier, oanlieding foar in feestlike teatermiddei. Bern út groep 6, 7 en 8 kinne op sneon-te-middei 1 maaie meidwaan oan allehanne aktiviteiten: toaniel, dûns, sjonge.

By it berne-iepenloftspul witte se hoe leuk it is om toaniel te spyljen. It artistike team stiet klear om mei de bern allegear grappige en nijskjirrige oefeningen te dwaan. Der is in workshop sjonge, der is dûnsles, der kin sminkt wurde. Koffers mei kostúms út eardere foarstellings binne fan souder helle, dus kinne de bern har om raak ferklaaie.

De middei fynt plak yn doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum en bij moai waar ek yn de pastorijtún
Dêr wurdt al wer drok boud oan it dekôr foar de foarstellings fan dit jier: Peter Pan. De spilers sille al efkes in foarpriuwke jaan fan wat dy foarstelling bringt.

Oanmelde in fia: www.berneiepenloftspul.nl

« werom