Tumult by presintaasje fideoklip BIS

Tiisdei 17 maaie

(Út Op 'e Skille 12 maaie 2010)

Efkes like it mis te gean mei de presintaasje fan de fideoklip fan it Berne Iepenloftspul Easterwierrum, woansdeitemiddei op it gemeentehûs yn Wommels. Doe’t Nynke Laverman, dy’t earder twa kear mei dien hat oan it berne iepenloftspul, frege waard de dvd mei dêrop de klip te presintearjen, die bliken dat se de dvd net krigen hie.

De dvd wie stellen troch Kaptein Heak. Yn in gefjocht mei degens wie Nynke Laverman de dief te fluch ôf en moast Kaptein Heak belies jaan. Sa kaam de dvd út de tas en koe de presintaasje fan de fideoklip syn beslach krije. De klip, dy’t opnaam is op yn Harns, is op youtube te sjen.

 

« werom