Yn petear mei 3 BIS Bern....

Tongersdei 14 april

Trije bern út de doarpen Wiuwert en Britswert fertelle hoe't is om mei te spyljen yn it berne-iepenloftspul. Fardau, Anniek en Silke fertelle oan Johan van der Klaaw harren ûnderfinings oant no ta.
Lês hjir mear oer hoe't dizze "dames" it allegearre belibje...........................................




De Trije BIS Bern


Silke kinsto yn it koart fertelle wêr’t stik oer giet?
Silke: it stik is in bewurking fan de film “Lang Leve de Koninging” It giet oer Sietske, sy kin net safollen en wurdt dêrom pesten. Dan moetet sy Freark. Hy leart har skaken. Dat kin sy hiel goed en sa fynt sy har wiere talint, mar sy fynt ek noch wat oars. Mar dat fertel ik lekker net.!!
Anniek: Ja, dan moatte jimme allegearre mar komme hear!
Fardau: It wurdt dan grif noch hiel gesellich!


No wurdt it BIS al foar de 21ste kear opfiert. Fardau hasto al mear stikken sjoen? En hoe fûnst dat? En hoe fynst it dasto no sels meidwaan meist?
Fardau: Sûnt myn 4e kom ik al nei de foarstellings fan it BIS en fûn it altyd moai. En ja, eins fyn ik it no wol in bytsje raar dat ik sels meispylje. Mar ik snap no wol folle better hoe’t it wurket by it BIS en it is fansels gewoan hiel leuk om mei te dwaan.

Anniek do dochst no foar de 2e kear en leste kear mei. Wat betsjut it BIS foar dy?
Anniek: It betsjut hiel folle foar my. Ik fyn it ek hiel spitich dat ik takom jier net mear meidwaan kin. Dûnsje fyn ik hiel leuk en ik ha no 2 ferskillende dûnsleraressen hâwn. Sy binne beide hiel leuk en beide ek wer oars. TIP: doch ek audysje takom jier!!!!
Fardau: jaaaaaaa, jimme moatte allegearre audysje dwaan, it is echt in leuke ûnderfining!

Fardau en Silke, jimme ha foar de earste kear audysje dien. Wat fûnen jimme fan de audysjes?
Fardau: hiel leuk, dûnsje fûn ik grappich, mar ik fûn de earste audysje spannender dan de twadde en dat is best raar fyn ik.
Silke: It wie hiel spannend ja, mar it wie ek wol wer hiel leuk.
Anniek: Ik kin my myn earste audysje noch wol goed herinnerje. Wie best spannend.


Silke, do hâldst fan toaniel, sjongen en dûnsjen. Dat bist alhiel op dyn plak by it BIS. Wat silsto dwaan as stjêrspiler?
Silke: wy repeteare elke woansdei en sneon. Dat best wol swier. Do sjochst wol dasto mei dochst oan iets hiel gruts. Juf Sherryl (de dûnslerares) is hiel strang foar ús. voor ons. Mar sy kin hiel moai dûnsje!
Fardau: No ja sa strang is sy eins ek wer net, fyn ik dan.

Fardau do wolst graach ferneamd of wol “beroemd” wurde. Dat slagget op dizze wize hiel aardich, seker nei dyn tillefyzje optreden yn Tsjek. Merkst dêr al wat fan, wurdst al werkind op strjitte?
Fardau: Ja, ik moat al saaaaaaaaaafolle hântekeningen útdiele!! (haha, nee hear), mar ik wurdt al wol herkind by it hynsteriden, mar hântekenening útdiele dat hoecht net, al ha ik der wol ientsje makke spesjaal foar it BIS.


Anniek. Do hast ferline jier meidien oan Peter Pan. Hoe wie dat? En wat is it ferskil mei fan’t jier?
Anniek: No de juf, en in oar stik fansels, mar dat makket neat út it is beide kearen super gesellich en leuk!

Fardau, hoefolle bern dogge der oan mei oan it BIS? En hoe geane al dy bern mei elkoar om? Die kinst dochs net allegearre?
Fardau: 33 neffens my, mar dat wit ik net hielendal seker. Fierder is it hiel leuk en grappich en der wurdt hielendal net in bern bûtenslúten. Oars dan giet Marius (de regisseur) wol optreden! (HAHA). Ik ha wer in hiel soad oare bern kinnen leart en dat is “gewoan hartstikke leuk”.
Anniek: jaah, fan ferline jier sjoch ik ek allegearre spilers en dûnsers en dat is dan ek wer leuk.

 
It is in frij grut stik, hiel profesjoneel. Silke wa docht by dy de begelieding?
De sjongjuf: Maaike. De dûnsjuf : Sherryl. En de regisseurs: Anke en Marius. Fansels ek de hiele BIS kommissje. Sa no en dan komt de foarsitter te sjen.
 
Anniek binne jimme al los?
Anniek: Jaah wy binne al oan ’t repetearen. (myn heit en mem wurde al hielendal gek fan’e ferskes). Silke en ik op woansdei en sneon en Fardau ek op woansdei en sneon, mar ek wolris op moandei en freed.
Fardau: ja eins best faak hin, mar dat hindert neat, want it is altyd gesellich.

Anniek, wannear binne de útfieringen? Hoe wurket it mei de útfieringen en wat is dan it ferskil mei oefenjen?
Anniek: No pas yn juni dan binne de útfieringen. En der is fansels wol in ferskil mei oefenjen en in útfiering, want mei it oefenjen kinne we noch dingen oefenje, mar mei de útfierings net en dan sitte der in hiel soad minsken op ‘e tribune! No en dan moat ik faak eins allinnich mar laitsje!

Net allinne jimme binne dwaande mei it BIS. Neffens my wurkje der noch mear minsken oan mei. Wa dogge der allegearre oan mei?
Fardau: ja fansels dogger der noch mear mei. Sa as: regisseurs: Marius en Anke en de sjongjuf Maaike en de dûnslerares: Sherryl-Joy.
Silke: Ja en de heiten en memmen moatte ek in soad dwaan. It bestjoer en de skriuwer net te ferjitten.
Anniek: Se binne ek al oan’t bouwen, it dekor is ek elts jier wer hiel moai en it giet ek hiel flot. De kostúms binne ek hiel moai, hieltyd wer 2 ferskillende kleuren.
 
Wy wolle fansels wol op’e hichte bliuwe fan jimme foarderings, wêr kinne wy die ynformaasje fine?
Fardau: op’e BIS side of op YouTube BiS TV.
Anniek: Ik tink ek noch wol yn’t Rabbelrûske fan ús en fansels fansels op
www.berneiepenloftspul.nl.
Silke: Jimme kinne it fansels ek oan ús freegje .

By BIS moast in soad dingen dwaan, mar it kin foarkomme dat it sjongen net sa goed wol. As dûnser moast ek sjonge en as toanielspiler ek, of do moast as toanielspiler dûnsje. Dat liket my wolris dreech. Is dat ek sa?
Anniek: no sa dreech is it no ek wer net, it wurdt wol hiel goed ferdielt en dan is it sa dreech net mear.
Fardau: It is net echt hiel dreech, mar ik moat in solo sjonge en dat fyn ik best spannend. It is eins wol leuk om alle trije dingen te dwaan.
Silke: It is net dreech, it is foaral hiel leuk.

Wat tinke jimme nei it BIS mei al it talint fan jimme te dwaan?
Fardau: Ik ha gjin idee, mar ik tink dat Anniek letter sa-wie-sa iets mei it dûnsje dwaan gjit. Fan Silke dat wit ik it net en tsja ik wol sa-wie-sa ek wol graach troch gean mei toaniel en sjongen. Dûnsje net, dat leit mei net, mar ik tink wol dat ik der letter IETS mei dwaan gean. Anniek: Ik bliuw fansels wol dûnsjen, dat ha ik altyd al dien. Mei it BIS der by dûnsje ik no 5 kear yn’e wike en dat fyn ik allinnich mar leuk!
Silke: Ik bliuw toch gean mei it dûnsjen en it sjongen fansels. Mar ik wit net at ik it as berop nimme sil. It is hiel erg leuk en ik wol takom jier hiel graach wer meidwaan.
 
(Troch Johan van der Klaauw, maart 2011)

 

« werom