Yn petear mei...Rients Abma en Tietske Folkertsma

Woansdei 12 oktober

Foar Rients Abma (11) en Tietske Folkertsma (11) út Wjelsryp brekt der in spannende tiid oan.
Rients en Tietske dogge fan't jier foar it earst mei en binne der wyld fan. "Oare jongens sizze wolris dat it stom is, mar dat is net wier! Je moatte it gewoan prebearje en it is machtich!"
Tietske en Rients genietsje op it poadium,  mar soms is it ek wol dreech as de oaren nei je sjogge. "Yn de rol komme is wolris dreech, dan bin ik wolris wat senuweftich. Mar dan docht de rezjy it ús wolris foar en spoare se ús goed oan". As ik se feegje as it oan harren ferwachtings foldocht dan binne se optein oer de sfear yn de groep en de drokte falt ek wol mei neffens harren.
"Earst kinne je elkoar net, mar no al en dat is moai". We geane trije as fjouwer kear yn'e wike nei Easterwierrum, wy hienen it drokker ferwachte, as der ris in repetysje út falt dan bale wy der fan!"

 

 

« werom