2006 - Jungleboek

Jungleboek is it ferhaal fan Mowgli, in jonkje dat libbet yn de jungle. Tusken de wolven fan De Horde fan de Folle Moanne hat er in libben sûnder soargen.
Hy fielt him ien fan harren, mar is dat wol sa? As op in kweade dei syn beskermer Akela ferwûne rekket, feroaret syn hiele libben. De gefaren fan de Jungle komme ynienen fan alle kanten op him ôf. It grutste gefaar is ShereKhan, de tiger.
Hy hat wol nocht oan in smaaklik hapke. Hoe sille Mowgli en syn freonen Baloe de Bear en Bagheera de Panter harren hjir mei rêde?
In spannend aventoer oer freonskip en leafde.