2004 - De Fiifde Dei

Wat ha se it altyd drok op skoalle, dy lêste wiken foar de simmerfekânsje. Benammen de bern út groep 8. Net allinne mei de fêste jierlikse ôfslútingsrituelen mar ek mei it ôfskie fan de fertroude skoalle, de masters en de juffen en fan elkoar. Foar 't  de grutte stap set wurdt nei in noch ûnwisse takomst moatte de lêste dagen meielkoar in bysûndere tiid wurde.
In ôfskie dat yn it ûnthald bliuwt. 
Mindert Wijnstra, de ferneamde Fryske skriuwer fan berneboeken lyk as It hûs fol ferhalen en Ast gelok hast, stiet sel foar klasse. Hy hat yn de ôfrûne jierren fan hiel wat groepen âldste skoalbern ôfskie naam en hy wit krekt wat der dy lêste skoaldagen yn de kopkes fan de jeugd omgiet. Dêrom hat er spesjaal foar it Berne-Iepenloftspul Easterwierrum in nij oarspronkelik stik betocht dat de spilers út groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn de gemeente Littenseradiel op it liif skreaun is.
Meielkoar yn de keet, it clubhûs fan groep 8, in plan betinke hoe't se master betankje sille foar harren skoaltiid. It liket hast of litte se op it poadium sjen wat se sels meimeitsje. As dat net mei gefoel spile wurdt!