2017 - Pietje Bell en de binde fan 'e swarte hân

Wy geane dit jier werom yn 'e tiid. Werom nei rûchwei 100 jier lyn. Nei 
Rotterdam, in suterige stêd sûnder takomst. De bern gean net nei skoalle, 
se wurkje, want bernewurk is goedkeap. Ek op 'e drukkerij fan It Lêste Nijs 
sille se alle grutte minsken derút donderje en troch bern ferfange. Piet Swarte, 
de nije eigner, feroaret de namme dan yn De Swarte Krante en sil de bern alle 
dagen min nijs drukke litte, want dat ferkeapet. En om 't wurkje yn in drukkerij 
hiel saai is wurdt it dit jier dus hiel saai by it BIS.

Of nee, toch net.
Want hûndert jier lyn wennet Pietje Bell yn Rotterdam. En Pietje Bell lûkt him 
niks oan fan alle earmoed, is posityf, sit fol mei grappen en mei him der by is 
it noait saai. Sterker noch, it koe wol ris in Binde wurde. Seker as bekend wurdt 
dat Keninginne Wilhelmina (dat is de beppe fan 'e mem fan Kening Willem 
Alexander fan Máxima fan Oranje) op besite komt yn Rotterdam mei har 
dochterke de kroanprinsesse Juliaantje. Want dan komt de Swarte Krante mei 
in spesjale Sneon & Snein..

Hoe 't Pietje, mei syn maten fan 'e Binde fan 'e Swarte Hân, Piet Swarte foar it 
each fan 'e Keninginne, úteinlik op syn nûmer set, dat bliuwt in ferrassing. 
Mar ien ding is wis - dêrnei sil Rotterdam wer in bytsje yn 'e takomst leauwe. 
Mei tank oan Pietje Bell en syn Binde.