2001 - Sake & It Suertsjefabryk

Wat in feest as direkteur Willy Wonka it suertsjefabryk ynienen wer iepenet.
Dat is fantastysk, want Wonka makket it lekkerste snobbersguod fan de hiele wrâld. Omdat it feest is, wurde fiif superrepen mei in gouden wikkel yn omloop brocht.
Wa't sa 'n wikkel hat, wint in rûnlieding troch it suertsjefabryk.
Sake is ien fan de gelokkigen. Foar wat Sake en de oare winners allegear belibje komt eagen en earen tekoart.
Dat Willy Wonka ek noch in trochtrape suster hat, dy't fan alles betinkt om it suertsjefabryk yn hannen te krijen, makket it ta in spannend spektakel!