gasteboek

Nijsargyf



Twitter

Nije ploech Berneiepenloftspul daget akteurs ˙t

Alle 256 bern út de groepen 7 en 8 fan de sântjin skoallen yn Littenseradiel hawwe ôfrûne wike in persoanlike útnoeging krigen: dochst mei oan de audysjes foar it iennige berneiepenloftspul fan Fryslân?

Op 14 jannewaris binne de earste audysjes, in wike letter is de definitive seleksje. Dat binne in bytsje spannende mar benammen prachtige oeren dêr’t bern meiinoar fan alles útfine en útprobearje wat mei sjonge, dûnsje en aktearje te krijen hat.

Dêrnei sil de ploech bern wurkje oan in nije foarstelling, dit jier yn in reeks fan net seis mar sân foarstellings, tusken 20 juny en 1 july. De premjère is op 22 juny.

It giet der benammen om dat de bern wille hawwe, in hechte groep foarmje mei nije freonen en freondinnen, harren frij uterje, bewege en sjonge leare. Se wurkje mei in moai ferhaal en mei taal en meitsje mei in profesjoniel artistyk team in foarstelling dy’t spetterje sil. Sy sille omgean leare mei teloarstellingen en tagelyk talinten yn harsels ûntdekke dêr’t se noait fan tocht hienen dat sy dy hienen.
Dat is wêr’t it om giet, wat foar ferhaal der ek spile wurdt. En dat is mar goed ek, want om hokker stik it giet, bliuwt noch efkes in ferrassing! 

Der wurdt yntusken al hurd skreaun oan de nije produksje, troch in nij artiskyk team. De twa jonge regisseurs Romke Gabe Draaijer (mei de Krystdagen draait syn produksje De tocht van Morgen yn ‘e IJshal yn Ljouwert) en Sjoerd Blom hawwe harren oansluten by it team fan BIS. Ek nij is Coco de Haas (dûns).

Nominaasje

Joke Krist (sjong), Wolly Prins (kostúms) en Jan-Eric Valkema (dekorûntwerp) binne lykas yn 2016 ek de kommende moannen wer fan de party. De lêste twa krigen by de útrikking fan de Gouden Gurbes yn oktober in nominaasje foar foarmjouwing.

Út: Skille 14 desimber 2017 - Troch Ria Kraa