Tidens in feestlike show, live útsjoerd troch Omrop Fryslân, waarden justerjûn de seis felbegearde Gouden Gurbes útrikt. De iepenloftspullen Dronryp, Jorwert, Marsum, Garyp en Kollumerzwaag sleepten dizze kear de Gouden Gurbe bylden yn de wacht.
It jierlikse prizenfestival foar de Fryske iepenloftspullen keurde prizen ta foar de bêste foarstelling, haadrol, byrol, foarmjouwing, it bêste mienskipprojekt en in publykpriis. BIS dit jier spitichgenôch net yn'e prizen. No op nei it kommende jier. Nij jier, nije kânsen. Yn'e link mear ynformaasje oer de winners fan de Gurbes.