2021 - BIS Corp 9021

BIS Corp. 9021

It is 2021 en de wrâld leit der beroerd hinne: ûntefredenheid, lilkens, útsluting, nijs dat net nijs is, leagens, stikstof, plastik en pandemiën folje de loft oant in ferstikkend gehiel. Mar lokkich hat it Believe INterestrial Space Corporation in nije loft ûntdutsen, meí in planeet: Area 9021. En wat blykt, dêr is al libben! En wy binne dêr wolkom, híel wolkom sels!

Dat lit BIS Corp. 9021 harren net twa kear sizze en sy kinne in selekte groep de tagong jaan nei Area 9021 om op ‘e nij te begjinnen. En ast wolst bouwe sy dyn hûs gewoan nei, sa hast noch wol dat echte ‘thúsgefoel’. Fierder wurdt it in wrâld dêr’t wy goed dwaan sille en dêr’t wy leard hawwe fan alles wat der misgong is op Moeder Aarde. Keapje dyn unike ticket en stap oan board: op nei in nij begjin, op nei nij libben!

BIS Corp. 9021 hâldt harren fansels ek oan ‘e strange maatregels dêr’t de Nasa, SpaceX en de EEA, ûnder tafersjoch fan it Royal Institute Visitor Measures, him ek oan hâlde moatte. Wy freegje jo ek om jo oan dizze maatregels te hâlden en by klachten oangeande sûnens thús te bliuwen en nei in (negative) test op in folgjende flecht te stappen. Wy fleane nammentlik op de folgjende data: 30 septimber, 1, 2, 3 en 4 oktober.

Helje jo unike ticket no op biscorp9021.com! Op nei in nij begjin, op nei nij libben!

Ik hjit jo graach fan herte wolkom,

ek út namme fan alle meiwurkers fan BIS Corp. 9021,


Tineke D’Moon.
CEO-President BIS Corp. 9021