Eigenwize mantsje Peter Pan wurdt mar net âlder.
Peter Pan wa kin him net? Dat eigenwize mantsje, dat net âlder wurde wol. Mar eins in Peter Pan al flink op leeftyd. Hy is 90 jier ferlyn betocht troch J.M. Barry, dy ’t trije ferhalen oer Peter en Wendy betocht. Ferhalen foar grutte minksken, want Peter Pan wie net in berneboek. Hoe kin it no, dat sa’n âld ferhaal feroaret yn in Iepenloftspul foar bern?
‘Peter Pan’ fan de Ingelske skriuwer James Matthew Barry (1860-1937) giet oer in jonkje dat net folwoeksen wurde wol en dat yn it mearke-achtige ‘Neverland’ dingen kin dy’t in gewoan bern net kin, lykas fleane. Syn grutte tsjinstanner is de wrede Captain Hook, dy’t op jacht is nei in skat.
‘Peter Pan’ yn Easterwierrum is net basearre op it oarspronkelike ferhaal fan Barry, mar op in ferfolch dêrfan. Bewurker Gerrit Hoekstra hat dêrby de ferfilming fan de Walt Disney Studio ut 2002 – “The Return to Neverland” – as útgongspunt nommen en dêr syn eigen draai oanjûn.
De Film spilet yn de “Twadde Wrâldoarloch. Wendy it freondintsje fan Peter Pan, ferkeart al lang net mear yn Neverland en is no in folwoeksen frou. Se fertelt har dochter Jane ferhalen oer Peter Pan, mar dy leaut dêr – synysk wurden troch de oarloch – neat fan. Gerrit Hoekstra hat it ferhaal nei hjoed de dei ferpleatst. No begjint it ferhaal net mei Jane, mar mei Wendy dy’t de ferhalen oer Peter Pan fan har Beppe heard hat. Mar se leaut net yn mearkes, likemin as har mem doe’t dy in famke wie. It is krisis, heit is ûntslein en yn stee fan te boartsjen moat se folders rûnbringe om jild foar har beltegoed te ferstjinjen.
Wendy mei dan neat fan de ferhalen oer Peter Pan leauwe, dat wurdt oars as Kaptein Heak har ûntfiert om yn ‘Sabearje’ as lokies te tsjinjen foar Peter Pan. De kaptein hopet, as Peter Pan sjocht dat er Wendy yn syn macht hat, dat er ferklapt wêr’t de skat ferburgen is.
It is Kaptein Heak noch altyd net slagge om Peter Pan finzen te nimmen en de Geheime Skat fan him ôf te pakken. Troch Wendy te ûntfieren út de echte wrâld en te brûken as lokies besiket Heak yn dit Berne-iepenloftspul fan 2010 Peter Pan yn hannen te krijen. Wendy fiert ûndertusken har eigen striid. Kin se noch dreame en boartsje sa as in bêrn yn Sabearië? Of moat se hast al folwoeksen wêze en de gefolgen fan krisis en krapte op har eigen manier oanpakke? Leauwe yn Peter Pan en Tinkerbel as fertrouwe op Kaptein Heak?
Lit jim dit jier meifiere nei Sabearië, in wrâld dêr’t je jong bliuwe. Dêr ‘t krokodillen en oktopussen prate kinne, alven rûn fleane en dreamen wurklikheid wurde!
En tink derom: by de twadde stjer fan de râne of besjoen rjochts en rjochttroch nei moarn!
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers