Earlik is earlik: yn Himmelum is it in bytsje in rotsoai. Slûge Arjen is alle dagen dwaande om dy rotsoai
achter de Himmelumers harren kont op te rêden. Mar ja, se binne ek sa drok mei de renovaasje fan harren
moaie doarp, want it bekende avrotros-programma MUZIEK OP HET SCHOOLPLEIN komt nei
Himmelum. Mei DJ Ango Wagner noch wol!
Lyts probleem: om ‘t Himmelum hieltyd mear fersmoarget, dûke der hieltyd mear rotten op. Boargemaster
en wethâlder ûntkenne dat, mar úteinlik rint it rotteprobleem sa út ‘e hân, dat DJ Ango Wagner net mear
delkomme wol. Gelokkich wit Slûge Arjen hoe’t hy de rotten fuortkrije moat. Fan ‘e beleanning kin er einlik
in tiny house oan ‘e Swette keapje!
Mar hy krijt syn beleanning net...en dêrom nimt Slûge Arjen de bern fan Himmelum mei, fuort út dat
smoarge doarp mei syn saneamde folwoeksenen, dy’t tefolle foar harsels libje en temin foar har bern oer ha.
Mar as de bern op ‘e Rottenberch har fantasy wer weromfine, kinne se miskien wer nei hûs.
Wa wit makket Himmelum dan in nij begjin. En as DJ Ango Wagner dêr net by sjonge wol, dan freegje we
syn broer wol. Dy docht it ommers foar niks?
Litte wy mei elkoar hoopje dat it goed komt. Slûge Arjen fertsjinnet in tiny house oan ‘e Swette.
REZJY
Gerwin de Vries en Brent Jager
MUZIKALE LIEDING / SANG
Joke Krist
SKRIPT/TEKSTEN
Peter Sijbenga
MUZYK
Komponearre en skreon troch Peter Sijbenga
DUNS
Geronimo Chancoso
DE SPILERS
Mette Koopmans, Lennert Rypma, Brecht Speerstra, Noah Nutma, Marin Harkema, Richt Boersma, Mare Terra, Cilke Rienks, Mats Nugteren, Silke Hettinga, Teun Okkema, Ninthe Abma, Sanne Broersma, Femke Karsten, Brent Rispens, Jildau Koopmans, Iris Huistra, Minke de Graaf, Lysanne van Dijk, Fleur Koopman, Femke Hallema, Fardau Talsma, Fien Pieters, Simke Keuning, Veerle Brongers, Britt Goodijk en Thirza Boersma
DEKORUNTWERP EN ÚTFIERING
Frank Rijpma, Durk Rijpma, Klaas Goodijk en Ruud Divendal
KOSTUMUNTWERP
Dianne Bonnema
KOSTUMGROEP
Hessie Rozenberg, Marieke Boersma, Janny Noordermeer, Dineke Eringa, Ytsje Langenkamp, Jet Vellinga, Frieda van Mulken, Aly Kuiphof, Gerda van Pelt, Caroline Sandberg, Ellen Feijen, Wieke Brandenburgh, Rina Sijtsma en Paula Keuning.
KAP EN GRIME
Akkeriem Zijlstra, Tjitske Flier, Wilma Bonnema, Miranda van der Steen, Ankie Jagersma, Anna Doornbos-Houwer en Sophia Tadema
FOARMJOUWING
Wybo Smids
LÛD en LJOCHT
Siebren Greidanus, Marius Del Grosso
FOTOGRAAF
Piet Douma - PDF fotografie
TÚNMIKS EN MUZYKOPNAMES
Joke Krist en Sytse Broersma - Noorderzon Muziekproducties
KLIP en PODCASTOPNAME
Jacob Fokkens - Cinemakkers
BESTJOER
Tineke Terpstra v.d. Schaaf (foarsitter), Ydwine Willemsma (Skriuwer), Marjan de Groot-Houbeijn(ponghâlder), Ineke de Jong (PR), Rixt Walda (Ferf), Rianne Speerstra (Omballingen), Lucinda Nutma (Sosjals) en Tialde Ploech (PR)
KOMMISJELEDEN
Omballingen/Ferf: Marieke Koning en Welmoed Slagter PR en Sponsoring: Antsje Greidanus , Suzanne Postma, Marjan Koldijk (Kaartferkeap) en Jolanda Vis (Sponsoring) Kostúms: Geeske Plantinga, Sterre van Wijk, Marieke Okkema, Trudy van Hofwegen en Djoeke Klomp-Baarda Ferskaat: Rikst Visser, Harmke Kalteren, Jan Geert oNutma en Agnes de Lang Katering Koördinaasje: Trynke Karsten
EN FIERDER
Meinte en Annigje Speerstra foar it beskikber stellen fan hun tûn!!!
Alle ALDERS, Pakes en beppes, EHBU 'ers, Famylje Bruinsma, Famylje Vellinga, Famylje Koster, Gabe en Dorothea, Nico van der Werf, De boeren dy't in boerd yn harren lân hawwe, BY Paula B&B en dagbesteding, Jappie Slagter, Arjen en Fetsje van der Veen.
Us sponsoren, Us stipers , Doarp Easterwierrum en Behearskommisje De Tysker, De frijwilligers fan De Tysker ....en mochten we minsken ferjitten wêze, dat spyt ús. Ek jimme en alle oaren dy't op hokker wize dan ek in bydrage levere ha TIGE TANK!
Foto's fan de foarstelling meie net kommersjeel oanbean wurde.