2011 - Swart/wyt

Foarstellingsdata yn 2012
Tongersdei 22 desimber
De foarstellingsdata foar de komende produksje binne foarearst fêstlein op bijgeande data. De eerste trije kolommen binne de foarstellingsdata. Ûnder útwykdata steane de data wêrop spile wurdt mocht in "gewoane" foarstelling net troch gean kinne...

lês fierder


Audysjes foar 2012!!
Tongersdei 22 desimber
De plannen foar it 23e Berne Iepenloftspul 2013 lizze klear. De audysjes hjirfoar binne op sneon 19 en sneon 26 jannewaris 2013 yn doarpshûs De Tysker, Skuorrehôfwei 2A yn Easterwierrum.   it is teamwurk, in goeie foarstelling komt net fansels! Jous...

lês fierder


BIS spilet "De Stim fan Lûdsjewierrum"
Moandei 28 novimber
Easterwierrum: It nije stik fan it Berne Iepenloftspul (BIS) is bekend. Yn juny 2012 sil it stik “De Stim fan Lûdsjewierrum” spile wurde yn’e tún yn Easterwierrum. It stik is spesjaal skreaun foar it Berne Iepenloftspul troch Hans Brans en Peter Sij...

lês fierder


Workshops fan start!!
Freed 18 novimber
De wurkwize fan it BIS is dit jier wat oars as oars. Om't wy subsydzje krigen ha fan it Fonds voor Culturele Participatie is it BIS yn novimber fan start gien mei Workshops foar groep 7 en 8 fan de basisskoallen fan Littenseradiel. It doel fan de workshops is alle bern fan bo...

lês fierder


Gouden Gurbes 2011 Filmkes
Tongersdei 20 oktober
Jacob en Guido hawwe noch twa filmpkes makke. By de útrikking mocht de bern fan it BIS twa kear optrede!! Hoe 't dat der út seach? Sjoch by it kopke BIS TV foar dy 2 lêste filmpkes.


Útrikking Gouden Gurbes
Snein 9 oktober
Sneon 8 oktober wie it safier! De útrikking fan de Gouden Gurbes yn'e Harmonie yn Ljouwert. Soenen we ek in priis winne mei Swart/Wyt??? Foar de bern tige spannend fansels. Spitich genôch binne we dit jier net yn'e prizen fallen (ferline jier krige Anneke Ho...

lês fierder


Toch noch in Fotoboek fan Swart/Wyt??
Woansdei 13 july
Fan de produksje Swart/Wyt komt in registraasje op DVD út. Dizze kinne besteld wurde bij it sekretariaat. Ek binne der noch in tal CD's. Ús húsfotograaf Johan van der Klaauw hat in fotoboek gearstalt ek dizze kin besteld wurde bij it sekretariaat, stjoer...

lês fierder


Fryske Top 1000
Tiisdei 18 oktober
It Berne iepenloftspul komt dizze wike ek langs yn de Fryske top 1000. Op nûmer: 782: Hojo Hojo nei Troje Hojo út Odyssee - Op nûmer 804: Net gûle Marjan ut Robin Hood - Op nûmer 955: Bearke út Ferjiteilân - Op nûmer 996: Mem ik w...

lês fierder


It sit der wer op......
Woansdei 13 july
It lêste ferske is songen, de lêste dûns is dûnse, de lêste teksten binne sein......It lêste kaartsje is ferkocht, de lêste CD's binne ferkocht en de lêste programmaboekjes binne ferkocht! ........Mei oare wurden: "It sit d...

lês fierder


BIS TV - Diel 9 De lêste foarstelling
Tiisdei 12 july

BIS TV Diel 8 Efter de Skermen
Sneon 9 july

Kaarten foar Freed 8 en Sneon 9 july hast op!!
Woansdei 6 july
De kaarten foar Swart/Wyt foarstellings op Freed 8 july en Sneon 9 july binne hast op. Dus wolle jimme der noch hinne....wachtsje dan net mear al te lang, want it ein is yn sicht!


BIS TV Diel 7 Rûntsje troch de tún
Tiisdei 5 july

BIS TV Diel 6 De Premiêre
Tiisdei 5 july

‘Swart/Wyt’ hat eins tefolle kleur
Woansdei 29 juny
 Resinsje Froukje Reitsema - Friesch Deiblêd 27 juni 2011 Leit yn ’e film Lang leve de koningin it aksint op de keninginne, yn berne-iepenloftspul Swart/Wyt dat dêrop ynspirearre is, giet it om Sietske, in famke dat foar dom fersliten wurdt troch sawol...

lês fierder


In moai mar pittich skaakspul
Sneon 25 juny
  Plak: Easterwierrum, Pastorijtún. Barren: berne-iepenloftspul ‘Swart-wyt'. Skriuwer: Anna Bilker. Regy: Marius Del Grosso en Anke Boersma. Muzyk: Kees van der Meer en Peter Sijbenga. Dûns: ...

lês fierder


Foto's Generale Repetysje 22 juny
Freed 24 juny
Wolle jimme in goeie yndruk krije fan dizze moaie foarstelling Swart/Wyt? Sjoch dan hjir foar de skitterende foto's dy 't  ôfrûne woansdei makke binne troch Johan van der Klaauw. Dizze heit hat dit jier alle foto's makke.

Meer foto's


BISTV ôflevering 5.
Freed 24 juny

Noch ien dei foar de premiêre
Freed 24 juny
It begjint mei seeën oan tiid. De kalinder stiet op jannewaris en fermeldt: audysjes. Sântich bern melde har by De Tysker, de measten ha der al jierren fan dreamd om mei te dwaan oan it Berne-iepenloftspul. Foar 34 fan har komt de brief mei it nijs dat se troch bin...

lês fierder


Promo Kaartferkeap BIS!!!
Tongersdei 16 juny

1ste Foarstelling BIS útferkocht!
Woansdei 15 juny
De foarstelling fan 1 july is útferkocht! Foar de oare foarstellingsdata binne noch wol kaarten! Mar it begjint aardich te rinnen, dus WACHTSJE NET TE LANG, oars fiskje jo efter it ......Dus bestel no gau jo kaarten! Oant sjen yn'e pastorietún fa...

lês fierder


Wurdt ek Lid fan ús Facebook en Hyves!!
Tiisdei 14 juny
Hjoed-de-dei ontkomme jo hast net mear oan it fenomeen "Social Media" op internet. Foaral de jongerein is hjir in soad mei dwaande. Jo kinne fan elkoar sjen wêr 't de oar mei dwaande is, dat kinne de deistige dingen wêze mar ek oare saken dêr '...

lês fierder


Fan dream nei kostúm
Tongersdei 9 juny
Út Op'e Skille - 9 juni 2011 Troch Anna-Marie Tinga-Schoustra Meters stof, elastyk, naaiersjern, knopen, lintjes ensafuorthinne lizze om Anneke Hogeveen hinne. Mar foardat se der mei oan de gong kin, is der al in hiel tinkproses oan foarôf gien. Foar it ...

lês fierder


Klip Presintaasje Swart/Wyt
Woansdei 8 juny
  Om it publyk in foarpriuwke te jaan fan de foarstelling Swart/Wyt hat it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum in klipopname makke. Op tongersdei 9 juny wurdt de klip presenteard, dêrnei is dy op You Tube te sjen. Graach noegje we jo út om de presentaasj...

lês fierder


Op Aventoer mei de keninginne
Moandei 30 maaie
Út Op'e skille 26 maaie 'Tink derom: it is net kâld!' Jimme binne bliid. En sjoch yn de kamera, soargje dast yn byld bist!' We binne op it station fan Mantgum, it is sneontemoarn en it is wol kâld. Mar in groepke fan tweintich bern spilet...

lês fierder - Meer foto's


Start Kaartferkeap is NO los!!!
Snein 22 maaie
Fanôf NO is it mooglik om fia de Webside kaarten te bestellen foar de foarstelling Swart/Wyt!! Dat is dus nij. Ek it Berne-iepenloft giet mei de tiid mei. Under ik kopke Kaartferkeap kinne jo no online kaarten bestelle en betelje fia I-deal. Foar minsken dy't net Int...

lês fierder


Feroaring yn' Foarstellingsdata
Tongersdei 19 maaie
De foastelling dy 't oarnearre wie foar Sneon 2 juli hawwe wy ferpleatse moatten nei FREED 8 juli! It muzykbarren DO KOMST is al 25 jier lang op'e earste sneon yn juli. Sa ek dit jier wer. Mar mei it plannen fan'e jûnen fan it BIS is dit oer'e holle sjoen. ...

lês fierder


Videoclip voor berne-iepenlofspul
Snein 22 maaie
  woensdag 18 mei 2011 Videoclip voor berne-iepenloftspul   In de dorpen van Littenseradiel waren afgelopen zaterdag bijzondere taferelen te zien. Dansende meiden in een weiland, een zwaan-kleef-aan-optocht, een koningin met een pony en een hond in h...

lês fierder


BIS te folgjen fia nije media...
Snein 15 maaie
(Troch Anna-Marie Tinga-Schoustra) Hyves, Twitter, Facebook, ynternet, webside, Youtube....De nijichheden folgje mekoar tsjinwurdich sa rap op dat it foar in digibeet amper by te hâlden is. Mar bern pikke it sa mar op en dus giet ek it Berne-iepenloftspul yn de nije medi...

lês fierder


Nije petearen mei.....Anna Rixt, Hilke en Maaike
Sneon 14 maaie
Us reporter en fotograaf Johan van der Klaauw hat wer mei in pear bern en de sjongjuf yn petear west!. Hoe fynt Anna Rixt is dizze kear, hja docht no foar de 2e kear mei, is't oars as ferline jier? En wa is Hilke? Wat docht sy foar it BIS? En wa is Maaike Oosterhaven eins? H...

lês fierder


Yn petear mei....Sietske van der Leest
Woansdei 11 maaie
Sietske van der Leest út Weidum hat in oantal jierren ferlyn meidien oan't Berne Iepenloftspul. Sy hat meispyle yn Oz (2003) en yn de Fiifde Dei (2004). Hoe ist no mei har? En wat docht sy hjoed de dei? Nei hokker skoalle giet sy no bygelyks en hat sy ek noch wat dien ...

lês fierder


Ik kin súver net wachtsje
Sneon 30 april
(troch Anna Bilker) Easterwierrum... Ik wie o sa bliid doe't Ant Koning my yn'e winter fan 2010 belle mie de fraach oft ik in teaterstik skriuwe woe foar it Berne-Iepenloftspul. Foaral om't ik it boek en de film Lang Leve de Koningin ien fan myn leafste ferhalen is...

lês fierder


Yn petear mei ......Jasmijn Visser
Sneon 30 april
De spilers hawwe it earste in it lêste wurd. Jasmijn do dochst dit jier foar it earst mei: wa bist do, wêr sisto op skoale, hoe âld bist, mei oare wurden wa is Jasmijn? Ik bin Jasmijn Visser, ik bin 10 jier en ik wenje yn Weidum(buorkerij tsjin oer it restauran...

lês fierder


Yn petear mei 3 BIS Bern....
Tongersdei 14 april
Trije bern út de doarpen Wiuwert en Britswert fertelle hoe't is om mei te spyljen yn it berne-iepenloftspul. Fardau, Anniek en Silke fertelle oan Johan van der Klaaw harren ûnderfinings oant no ta. Lês hjir mear oer hoe't dizze "dames" it all...

lês fierder


Yn petear mei Regisseur Marius Del Grosso
Tongersdei 14 april
Wa is Marius Del Grosso?? Wat hat hy allegearre al by it ein hâwn? Hoe âld is hy? Fynt hy rauwe tomaten wol of net lekker? Soe hy elke dei ek pasta ite, Del Grosso is dochs italjaansk? Wolle jimme mear witte oer Marius? Noch mear echt nijsgjirriche ynformaasje oer him...

lês fierder


Bis TV yn Aksje!
Tiisdei 12 april
Sûnt dit jier hat it BIS har eigen "TV". Guido Dijkstra en Jacob Fokkens meitsje geregeld in echte "Reportaasje" oer hoe fier at we binne mei de foarstelling fan dit jier. Foar mear ynformaasje EN de filmkes 1, 2 en 3 en sjoch BIS TV!!!!  


De bouploech yn aksje!
Moandei 11 april
De bouploech is hurd oan't wurk oan it dekôr fan 2011. Der wurdt in grut skaakboerd út'e grûn wei stampt!! Hjir giet mannich oerke oan op.....Niks net útsliepe!......Betiid út bêd en los!!  Sjoch hjir foar de kiekjes fan de b...

lês fierder - Meer foto's


We binne wer los!!!!!
Tiisdei 8 maart
Sneon 29 jannewaris om tsien oere hinne komme der 34 bern mei harren âlders ‘de Tysker’ fan Easterwierrum binnen. Bern en âlders dy ‘t  foar de earste kear meidogge sjogge noch wat ûnwennich om harren hinne en litte it mar oer harren...

lês fierder


Berne-iepenloftspul spilet Swart/wyt
Tiisdei 8 maart
It Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum spilet yn 2011 de foarstelling Swart/wyt, ynspirearre op de film Lang leve de koningin. De bewurking is makke troch Anna Bilkert.   Swart/wyt fertelt it ferhaal fan in famke, Sietske, dy ’t op skoalle minne sifers hellet e...

lês fierder


Opnamen fideoklip op kâlde dei
Woansdei 12 oktober
(Út Op'e skille 12 maaie 2010) "Doch mar krekt as is it hielendal net kâld". No kinne de jonges en famkes fan it berne-iepenloftspul aardich toanielspylje, mar dit is in drege opdracht. Der stiet in stoarm, se ha net mear oan as in t-shirt koarte mou...

lês fierder


Wêr binne se bleaun?
Woansdei 12 oktober
Troch: Anna-Marie Tinga Tweintich jier Berne-Iepenloftspul, wêr binne de Jannen, Piters, Nynkes as Marijes fan doe bleaun? Ik makke in dûk yn it archyf en seachris hokker nammen yn de boekjes stienen, en frege my ôf: wat dogge se no en wat witte se noch fan i...

lês fierder


Feestlik berneteater
Woansdei 12 oktober
Út : Wijd en Zijd 21 april 2010 EASTERWIERRUM - It berneiepenloftspul yn Easterwierrum bestiet tweintich jier, oanlieding foar in feestlike teatermiddei. Bern út groep 6, 7 en 8 kinne op sneon-te-middei 1 maaie meidwaan oan allehanne aktiviteiten: toaniel, d&ucir...

lês fierder


Spetterjende teatermiddei
Woansdei 12 oktober
It Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum bestiet 20 jier, oanlieding foar in feestlike teatermiddei. Bern út groep 6, 7 en 8 kinne op sneon-te-middei 1 maaie meidwaan oan allehanne aktiviteiten: toaniel, dûns, sjonge. By it berne-iepenloftspul witte se hoe leuk it ...

lês fierder


Eigenwize Mantsje Peter Pan wurdt mar net âlder
Woansdei 12 oktober
Troch Gerrit Hoekstra, Op'e Skille 1 april 2010 Peter Pan. Wa kin him net? Dat eigenwize mantsje, dat net âlder wurde wol. Mar eins is Peter Pan al flink op leeftiid!! Hy is 90 jier ferlyn yn London betocht troch J.M. Barry, dy't trije ferhalen oer Peter Pan en W...

lês fierder


Yn petear mei...Rients Abma en Tietske Folkertsma
Woansdei 12 oktober
Foar Rients Abma (11) en Tietske Folkertsma (11) út Wjelsryp brekt der in spannende tiid oan. Rients en Tietske dogge fan't jier foar it earst mei en binne der wyld fan. "Oare jongens sizze wolris dat it stom is, mar dat is net wier! Je moatte it gewoan prebearje...

lês fierder


"Junglebook", in stik om nea te ferjitten
Woansdei 12 oktober
Troch: Froukje Tuinstra - Frysk Deiblêd 19-06-2006 EASTERWIERRUM - Sneon wie it de earste kear foar Mowgli en de oarne om Jungleboek, it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan it publyk sjen te liten. It waar holp mei: it wie súver in bytsje tropysk, better ko...

lês fierder


Allegearre komme fansels!!
Woansdei 12 oktober
As sneon 17 juny de jûns om 20.30 ut stik Junglebook yn premiêre giet, is der in ein kaam oan de moannen lange tarieding. Ien fan de meiwurkers, dy't dat jierren docht, is Hans Wempe. As muzikaal lieder is hy ien fan de fjouwer minsken dy''t  "El...

lês fierder


Yn petear mei....Manon, Amarens en Martzen
Woansdei 12 oktober
Happy days wiene it ek foar de trije fammen fan It Petoer út Weidum, dy't fan't jier meidiene oan it Berneiepenloftspul yn Easterwierrum. Amarens Vellinga die ferline jier ek al mei yn Odysseus. Prachtich fûn se dat doe. Wat in wille en wat wie it bys&ucir...

lês fierder


Berne-iepenloftspul spilet Jungle-book
Woansdei 12 oktober
Easterwierrum - It Berne-iepenloftspul spilet oar jier jungle-book. Bern út groep sân en acht fan de basisskoallen fan Littenseradiel bringe in bewurking basearre op de Juglebook ferhalen van Rudyard Kipling foar it fuortljocht. Skiuwer is Gerrit Hoekstra fan Winsum...

lês fierder


Berneiepenloftspul yn de jungle
Woansdei 12 oktober
Mowgli is in jonkje dat libbet yn de jungle, tusken de wolven fan De Horde fan de Folle Moanne. Hy fielt sich ien mei de bisten en hat gjin soargen. Mar op in kweade dei rekket syn beskermer Akela ferwûne. Dat feroaret syn libben. No komme de gefaren fan de jungle op hi...

lês fierder


Libbenslessen en pikefel yn de tiid fan Arthur
Moandei 23 maaie


It swurd yn ‘e stien’ yn Easterwierrum
Moandei 23 maaie
21 oktober 2007  Easterwierrum – It Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum spilet yn de simmer fan 2008 it stik ‘It swurd yn ‘e stien’ (wurktitel). It stik spilet him ôf yn de tiden fan Kening Arthur. Op dit momint is Sjoerd Bo...

lês fierder


Berne-Iepenloftspul in boppeslach
Moandei 23 maaie
4 juny 2008 It Berne-Iepenloftspul yn de pastorijetún yn Easterwierrum bringt dit jier ‘It Swurd út de stien’. It is in pear oerkes genietsjen. It stik, dat de besikers werom bringt yn de tijd fan de midsieuwen yn Ingelân, nei de tiid fan Kening...

lês fierder


Fear Foar Berne-iepenloftspul
Tiisdei 17 maaie


Easterwierrum makket it wer bûnt
Tiisdei 17 maaie


It Berne Iepenloft knypeaget nei Cambuur
Tiisdei 17 maaie


Teatermiddei jierdei Iepenloftspul
Tiisdei 17 maaie


Feestelijk Berne Teater!
Tiisdei 17 maaie


Videoklip voor Berne Iepenloftspul
Tiisdei 17 maaie


Bernespul Wijd en Zijd
Tiisdei 17 maaie


In stjer der by foar it Berne-iepenloftspul
Tiisdei 17 maaie
(Út Op'e Skille 23 juny 2010) Easterwierrum - Hoe kin it dat in foarstelling troch bern je sa reitsje kin? Hast elk jier is der yn it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum wol sa’n momint dat je efkes hielendal wei wurde yn spul en byld.   By de twe...

lês fierder


Nynke Laverman yn fideoklip Berne-iepenloftspul
Tiisdei 17 maaie
(Út Op'e Skille, 4 maaie 2010) Op moandei 3 maaie waarden yn de Willemshaven fan Harns opnamen makke foar in bysûndere fideo-klip. De bern fan it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum makken in filmke as oankundiging  fan de iepenloftfoarstelling fan dit j...

lês fierder


Tumult by presintaasje fideoklip BIS
Tiisdei 17 maaie
(Út Op 'e Skille 12 maaie 2010) Efkes like it mis te gean mei de presintaasje fan de fideoklip fan it Berne Iepenloftspul Easterwierrum, woansdeitemiddei op it gemeentehûs yn Wommels. Doe’t Nynke Laverman, dy’t earder twa kear mei dien hat oan it b...

lês fierder


Premiêre Spegelspreuk feest foar it each
Tiisdei 17 maaie
10 juny 2009   Sa’t wy dat wend binne fan de spilers fan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum wurdt der dizze dagen in foarstelling fan formaat delset yn de pastorijtún fan Easterwierrum.   Mar leafst 39 bern út de groepen 7 en 8 fan d...

lês fierder


It libben is ien grutte apekoai
Moandei 9 maaie
(Út Ljouwerter Krante 11 juni 2010) Foar it earst yn it tweintich jierrich bestean fan it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum spilet in folwoeksene mei: Jehannes Arendz fan Mantgum. It symbolisearret dat it Berne Iepenloftspul folwoeksen is, mar it past ek hiel moai by i...

lês fierder


Peter Pan: in feest fan entûsjasme
Moandei 9 maaie
(Út Friesch Deiblêd 14 juni 2010) It Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum is mei de útfiering fan Peter Pan wer in feest. It entûsjasme fan de bern yn dizze tweintichste jubileumedysje sleept my daliks mei it ferhaal yn. De oanklaaiíng is moai en...

lês fierder


Auditie doen voor Berne-Iepenloftspul
Tongersdei 28 april
(uit Wij en Zijd) Easterwierrum Zo'n vijfenzeventig kinderen uit de groepen 7 en 8 hebben in twee weekenden autitie gedaan voor een rol in Peter Pan, de Disney klassieker die dit jaar wordt uitgevoerd door het Berne-Iepenloftspul in de gemeente Littenseradiel. Het is het j...

lês fierder